De súdlike fiskaalwurger (Lanius collaris) is in fûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae) yn it skift fan 'e sjongfûgels (Passeriformes).

Skaaimerken De fûgel is 21 oant 23 sm lang en weaget 25 oant 58 gram. It is in middelgrutte, swart mei wyt kleure wurger. De boppekant fan 'e kop, de rêch en in diel fan 'e wjukken binne swart. De boppeste wjukdekfearren binne wyt. De lange sturt is swart mei wite bûtenste sturtpinnen. Fan ûnder is de fûgel sniewyt oant smoarch-wyt. Wyfkes hawwe minder kontrast yn harren fearrekleed.

De ûndersoarten ferskille fan inoar troch de yntensiteit fan it swart op 'e boppedielen, it wyt oan 'e ûnderkant en op 'e sturt, it hawwen of net hawwen fan in wynbraustreek, plakken op it boarst en it ferskil tusken mantsje en wyfke.

Fersprieding en taksonomy De soarte wurdt ûnderferdield yn fiif ûndersoarten, ferdield oer twa groepen mei de folgjende fersprieding:

marwitzi-groep Lanius collaris marwitzi – noardeastlik en sudsintraal Tanzania

collaris-groep Lanius collaris collaris – súdlik Namybje, Súd-Afrika (útsein it noorden en noardeasten), Lesoto, Swazylân en it uterste suden fan Mozambyk Lanius collaris pyrrhostictus – noardeastlik Botswana, Simbabwe, noardeastlik Súd-Afrika en súdwestlik Mozambyk Lanius collaris subcoronatus – súdeastlik Angoala, Namybje (útsein de noardwestkust en it uterste suden), súdwestlik Simbabwe en noardlik Súd-Afrika (oant yn it noardwesten fan 'e provinsje Noard-Kaap en sintraal Frijsteat) Lanius collaris aridicolus – drûge kustgebieten fan noardwestlik Namybje en súdwestlik Angoala

Foarhinne waard de ûndersoarte marwitzi as in aparte soarte beskôge.

Oant koartlyn waarden de súdlike fiskaalwurger en de noardlike fiskaalwurger (Lanius humeralis) as deselde soarte beskôge.

Status De súdlike fiskaalwurger hat gjin eigen status. De IUCN behannelet de súdlike en de noardlike fiskaalwurger noch as ien soarte en klassifisearet de fûgel as net bedrige (Least Concern, LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân