Sauber F1 wie de Formule 1-ploech fan Sauber Motorsport AG út Hinwil yn Switserlân. Peter Sauber rjochte de organisaasje yn 1970 op; nei súkses yn de sportauto-racerij kaam Sauber yn 1993 yn de Formule 1. De ploech ried ûnder ferskillende kommersjele nammen oant en mei 2025. Audi kocht de organisaasje en makke der foar 2026 it Audi F1 Team fan.

Skiednis Sauber brûkte yn de earste jierren motoren fan Mercedes, Ford en Ferrari; fan 1997 oant 2005 waarden de Ferrari-motoren faak ûnder de namme Petronas ynskreaun. De ploech stie bekend as in sterk, mar relatyf lyts ûnôfhinklik team en joech ûnder oaren Heinz-Harald Frentzen, Kimi Räikkönen en Felipe Massa harren kâns yn de Formule 1.

BMW kocht de ploech yn 2005. Fan 2006 oant 2009 ried hja as BMW Sauber, de súksesfolste faze fan Sauber: yn 2007 waard it team twadde yn it konstrukteurskampioenskip en Robert Kubica wûn yn 2008 de Grutte Priis fan Kanada 2008. Nei it fuortgean fan BMW naam Peter Sauber it team wer oer. Fan 2019 oant 2023 wie Alfa Romeo nammesponsor, wylst Sauber de feitlike organisaasje bleau; yn 2024 en 2025 ried it team as Kick Sauber.

F1-erfskip De letter C yn de typenamme fan de Sauber-auto's ferwiist nei Christiane Sauber, de frou fan Peter Sauber. Hoewol't de ploech mar ien oerwinning helle, hat hja troch har lange bestean en it ûntdekken fan jong talint in wichtich plak yn de moderne F1-skiednis.

Sjoch ek Formule 1 BMW F1 Alfa Romeo F1

Boarnen

Kategory:Formule 1 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1970 Kategory:Organisaasje opheft yn 2025