De Turkestaanske wurger (Lanius phoenicuroides) is in fûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae). De soarte briedt yn Sintraal-Aazje en oerwinteret benammen yn East-Afrika. Hy wurdt mar hiel selden yn Jeropa waarnommen en as dat it gefal is dan foaral yn 'e hjerst. Foarhinne waard de fûgel as in ûndersoarte fan 'e isabelwurger (Lanius isabellinus) beskôge, mar hy is ek nau besibbe oan 'e brune skatekster (Lanius cristatus) en de Jeropeeske skatekster (Lanius collurio).
Skaaimerken De Turkestaanske wurger liket op 'e isabelwurger, de brune skatekster en ek op 'e skatekster, foaral as juvenyl en yn it fearrekleed fan 'e earste winter. De fûgel is 16,5 oant 18 sm grut en hat in wat langere sturt as de skatekster. Yn alle kleden ûnderskiedt er him fan 'e skatekster troch de readbrune boppekant fan 'e sturt, dy't bytiden in donkerbrune punt en middenstripe hat.
It folwoeksen mantsje hat in swart masker, in opfallende wite wynbraustreek en in wyt gesicht. De krún is readbrún en de rêch dof griisbrún. It boarst is foar it measte witich, de slachpinnen binne donker en de fûgel hat in opfallend ljocht plak oan 'e basis fan 'e hânpinnen. It wyfke hat in ferlykber fearrekleed mar in minder skerpe tekening; hja mist it plak op 'e hânpinnen en hat in fine bandearring op it boarst. Yn it kleed fan 'e earste winter hat de fûgel in minder opfallend donker masker, in bandearre boarst en in donkergrize rêch.
Fersprieding en taksonomy De Turkestaanske wurger briedt op 'e steppen fan Súd-Sibearje en Sintraal-Aazje – mear spesifyk yn Súd-Kazachstan, Oezbekistan, Turkmenistan, Kirgyzje, Tadzjikistan, Noardeast-Iran, Noard-Afganistan en Noard-Pakistan. De soarte oerwinteret benammen yn East-Afrika en de súdlike dielen fan it Arabysk Skiereilân.
Status as soarte De Turkestaanske wurger waard lang as in ûndersoarte fan 'e isabelwurger behannele. Yn 2013 namen Clements et al. it beslút om it takson phoenicuroides de status fan soarte ta te kennen. Yntusken bestiet der ûnder ynternasjonale taksonomyske ynstânsjes ienriedigens oer it feit dat it om in aparte soarte giet.
Hybridisaasje Der binne gjin dokumintearre gefallen bekend fan hybridisaasje tusken de Turkestaanske wurger en de isabelwurger. It is sels net wis oft harren briedgebieden inoar reitsje. As dat wol it gefal is dan wurdt oannommen dat dit bart yn in smelle sône súdlik fan it Altaiberchtme, yn 'e regio Dzjoengarije yn it noardwesten fan Sina. Beide soarten hybridisearje lykwols wol mei de skatekster (Lanius collurio). Dit komt by phoenicuroides foar yn Kazachstan en Iran en by isabellinus yn in beheind gebiet yn 'e Altai en it noardwesten fan Mongoalje.
Ekology De Turkestaanske wurger yt grutte ynsekten, lytse fûgels, wrotmûzen en hagedissen. De soarte briedt yn iepen biotopen, by foarkar mei toarnige strûken.
Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en der binne gjin grutte bedrigingen bekend. Dêrfandinne klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, LC).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad