De Sao-Tomeewurger (Lanius newtoni) is in sjongfûgel út it skaai wurgers (Lanius) yn 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae). De fûgel waard yn 1890 beskreaun troch de Portegeeske fûgelkundige José Vicente Barbosa du Bocage en ferneamd nei de samler M.F. Newton. It is in tige bedrige, endemyske fûgelsoarte op it eilân Sao Tomee.
Skaaimerken De fûgel is 19 oant 21 sm lang en liket sterk op 'e Noardlike fiskaalwurger (Lanius humeralis). De Sao-Tomeewurger is lykas de Noardlike fiskaalwurger fan boppe glânzjend swart. De soarte hat ek in brede wite wjukstreek en in ljochte kiel, boarst en bûk. De Sao-Tomeewurger is lykwols wat lytser en hat in relatyf lytse, hoarnkleurige (net swarte) snaffel en faak in rjemmekleurich boarst; ek binne de wite stipkes op 'e úteinen fan 'e sturtpinnen lytser.
Fersprieding en leefgebiet Dizze soarte is endemysk op it eilân Sao Tomee yn 'e Golf fan Guinee. It leefgebiet bestiet út reinwâld mei net in soad ûndergroei, meastentiids net heger as 700 meter boppe de seespegel. It is de iennichste wurger dy't allinnich yn it wâld foarkomt.
Status en bedrigingen De Sao-Tomeewurger hat in tige lyts ferspriedingsgebiet en dêrtroch is de kâns op útstjerren oanwêzich. De grutte fan 'e populaasje is net fêststeld. De fûgel wurdt inkeld ris waarnommen; oant 2010 wreide it gebiet wêryn't de soarte waarnommen waard him wat út. It leefgebiet wurdt lykwols bedrige troch de útwreiding fan kofjeplantaazjes, de oanlis fan diken en it tappen fan palmwyn yn 'e oerbleaune restanten reinwâld. Dêrnjonken hat de fûgel mooglik te lijen fan it yntrodusearjen fan ynvasive soarten lykas rotten en apen fan it Afrikaanske fêstelân. Yn 2016 waard de populaasje op 50 oant 250 folwoeksen fûgels rûsd. Dêrom stiet de Sao-Tomeewurger as krityk op 'e Reade List fan de IUCN.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe