De langsturtwurger (Lanius schach) is in Aziatyske fûgel dy't ta de famylje fan 'e wurgerfûgels heart. It is in tige seldsume dwaalgast yn Jeropa. De IUCN beskôget de wrâldpopulaasje as stabyl.
Skaaimerken thumb|left|Lanius schach tricolor It fearrekleed fan 'e langsturtwurger is pearelgriis op 'e kop, de nekke en de boppekant fan 'e rêch; rustkleurig op 'e rêch en de flanken; swart op 'e wjukken en de boppekant fan 'e sturtfearren; en ljochter, witich griis oan 'e ûnderkant. De fûgel hat in swart masker om de eagen dat fan 'e foarholle trochrint oer de earfearren. Ek de snaffel en de poatsjes binne swarteftich. Ien ûndersoarte, de Lanius schach tricolor, hat in folslein swarte kop.
Fersprieding en systematyk De soarte komt foar yn 'e Paleärktyske, Oriëntalyske en Australaziatyske faunaregio's, wêrtroch't de soarte ien fan 'e grutste ferspriedingsgebieden ûnder de wurgers hat. Hy briedt yn in gebiet dat him útwreidet fan Kazachstan oer Afganistan, Pakistan en dielen fan Yndia – oant oan Nij-Guineä en de Filipinen. Op 'e trek en yn 'e winter wurdt de fûgel bytiden ek waarnommen yn Oman.
Yndividuen kinne grutte ôfstannen ôflizze. De soarte wurdt dan ek fier bûten it natuerlike ferspriedingsgebiet waarnommen. It is in tige seldsume dwaalgast yn Jeropa, mei waarnimmingen yn it Feriene Keninkryk, Frankryk, Nederlân, Denemark en Sweden.
Undersoarten De langsturtwurger wurdt ûnderferdield yn 'e folgjende ûndersoarten (de list fan 'e ûndersoarten mei de ferspriedingsgebieden is basearre op Clements et al., 2016).
erythronotus-groep Lanius schach erythronotus – noardeastlik Iran oant Pakistan en Noard-Yndia Lanius schach caniceps – westlik en súdlik Yndia en Sry Lanka Lanius schach schach – eastlik en súdlik Sina, Taiwan en Hainan tricolor-groep Lanius schach tricolor – Nepal oant Noard-Birma, Yunnan, Noard-Laos en Noard-Tailân Lanius schach longicaudatus – sintraal en suidoastlik Tailân Lanius schach bentet – Maleizysk Skiereilân, Sumatra, Java, Borneo en de Grutte Sûnda-eilannen nasutus-groep Lanius schach nasutus – Filipinen Lanius schach suluensis – Sûlû-eilannen Lanius schach stresemanni – eastlik Nij-Guineä
De status yn Iran is ûnwis; de soarte briede dêr ein 19e iuw, mar waard dêrnei net mear waarnommen oant der yn 2013 in eksimplaar – mooglik in trekfûgel – registrearre waard.
Hâlden en dragen De langsturtwurger sit faak op in heech plak, lykas in strûk of in peal, en obstrewearret de omkriten nei proaien. Syn dieet bestiet út hagedissen, grutte ynsekten, lytse kjifdieren en lytse fûgels; proaien dy't er lykas guon oare wurgers op stikels prikt.
Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje wêrfan't de ûntwikkelingstrend ûnbekend is. Der binne gjin grutte bedrigingen foar de soarte. Op basis fan dy kriteria klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje is net kwantifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Myanmar Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor