De dwerchwurger (Lanius gubernator) is in fûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae), binnen it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Skaaimerken De dwerchwurger is in lytse, moai tekene wurger mei in readbrune kleur op 'e rêch en de stút, in grize krún en nekke, en in swart masker oer it each. Meastentiids is der in lyts wyt plak oan 'e foarrâne op 'e wjuk te sjen. De fûgel liket op 'e skatekster, mar is lytser en hat in readbrune ynstee fan in grize stút. Hy lit him net faak hearre, mar kin in rige fluittoanen en lege, piipjende lûden fuortbringe.

Fersprieding en systematyk De fûgel komt foar fan Ivoarkust oant Súd-Sûdan, Noard-Uganda en it noardeasten fan de Demokratyske Republyk Kongo. De soarte is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.

Leefwize De dwerchwurger is in seldsume fûgel mei in fragmintearre fersprieding dy't op fochtige savannes foarkomt. Hy wurdt meastentiids yn pearkes of lytse groepen waarnommen.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern of LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda