De brune skatekster (Lanius cristatus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 publisearre troch Carl Linnaeus. De soarte briedt yn in grut part fan East-Aazje en oerwinteret yn it Yndomaleisk gebiet. Dizze soarte is tige nau besibbe oan 'e skatekster (Lanius collurio) en de isabelwurger (L. isabellinus) en waard eartiids ek wol as ûndersoarte fan 'e earste beskôge.
Skaaimerken thumb|left|Wyfke De brune skatekster wurdt likernôch 20 sm lang. It mantsje hat in dúdliker en mear útsprutsen kontrast op 'e kop as it wyfke, faak mei in wat grizere tint op 'e krún en nekke dy't oergiet yn 'e brune rêch. It wyfke is op 'e boppekant oer it algemien doffer en mear unifoarm brún fan kleur. Fan 'e foarholle rint by it mantsje oer it each in swart masker. By it wyfke is dat masker mear donkerbrún en minder skerp ôftekene. It fearrekleed op it boarst en de flanken is by it mantsje rjemmekleurich oant ljocht okerkleurich. It wyfke hat op it boarst en de flanken in skobbich patroan fan fine dwersstreken.
It mantsje en wyfke ha alletwa in ljochte wynkbraustreek boppe it each, mar by it mantsje is dy wat skerper en witer fan kleur.
Fersprieding en systematyk Der wurde fjouwer ûndersoarten fan 'e brune skatekster ûnderskieden:
Lanius cristatus cristatus – De nominaatfoarm briedt yn it noarden fan Aazje en East-Sibearje, en oerwinteret yn Yndia, Súdeast-Aazje en Malakka. Lanius cristatus confusus – briedt yn Mantsjoerije, de Amoerregio en Sachalin. De briedgebieten lizze foar in grut part súdlik fan dy fan 'e nominaatfoarm, westlik fan superciliosus en noardlik fan lucionensis; de soarte oerwinteret op it Maleizysk skiereilân en Sumatra. Lanius cristatus superciliosus – briedt op eilannen by Sachalin en op it suden fan Sachalin, op 'e Koerilen en yn Japan, fan Hokkaido oant Sintraal-Honshu. Wurdt op 'e trek regelmjittich waarnommen op Honshu, Kyushu en de Rjûkjû-eilannen. Oerwinteret op Sumatra, Hainan, Java en de Lytse Sûnda-eilannen. Lanius cristatus lucionensis – hat it meast súdlike ferspriedingsgebiet en briedt yn Koreä, Noard- en East-Sina, Kyushu en de Rjûkjû-eilannen. Oerwinteret benammen op Taiwan, de Filipinen, Borneo en Selebes, mar ek op 'e Andamanen en yn Súd-Yndia.
Foarkommen yn Jeropa De brune skatekster is in dwaalgast yn Jeropa. Hy is waarnommen yn Belgje, op 'e Britske Eilannen en fierders yn Itaalje, Noarwegen, Denemark, Frankryk en Dútslân. Yn Nederlân waard de soarte foar it earst sjoen yn 2014 by Netterden yn 'e Achterhoeke. Dêrnei binne der noch in hânfol waarnimmingen dien.Waarneming.nl
Status De brune skatekster hat in grut ferspriedingsgebiet en dêrtroch allinne al is de kâns op útstjerren tige lyts. De grutte fan 'e populaasje is net kwantifisearre. Der is lykwols oanlieding om oan te nimmen dat de soarte yn oantal tebekrint. Dochs wurdt de brune skatekster as net bedrige (Least Concern, LC) op 'e Reade List fan 'e IUCN klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan