De Tibetaanske wurger (Lanius tephronotus) is in Aziatyske fûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae) en it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Skaaimerken thumb|left|Fûgel yn it westen fan Sikkim De Tibetaanske wurger is in relatyf lytse wurger mei in lange sturt en in lingte fan 21 oant 23 sm. De folwoeksen fûgel hat in donkergrize boppekant, sûnder de oranjebrune tinten op 'e skouderfearren en de bopperêch, dy't wol te sjen binne by de soartgelikenske langsturtwurger (Lanius schach). Yn ferliking mei in soad oare soarten yn it skaai ûntbrekt ornaris it wite plak oan 'e basis fan 'e hânpinnen. Jonge fûgels binne oan 'e boppekant blauwich griis fan kleur.

Fersprieding en systematyk De Tibetaanske wurger wurdt ûnderferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende ferspriedingsgebieden:

Lanius tephronotus tephronotus – komt foar fan Nepal oant Sikkim, Bûtan, Noard-Yndia en westlik-sintraal Sina Lanius tephronotus lahulensis – komt foar fan Noard-Kasjmier oant Ladakh en it oanbuorjende westen fan Tibet

Hâlden en dragen De fûgel komt foar yn kultuerlânskippen en yn beamkeguod, yn berchrike gebieten op hichten tusken 2200 en 4500 meter. Hy yt benammen ynsekten, lykas sprinkhoannen, krobben en rûpen, mar ek lytse wringedieren.

Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte, stabile populaasje. Nei alle gedachten binne der gjin grutte bedrigingen. Op basis fan dy kriteria klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern of LC). De wrâldpopulaasje is net kwantifisearre, en de soarte wurdt omskreaun as net seldsum.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia