Rio Grande do Sul is in dielsteat yn 'e Brazyljaanske regio Súd. De steat is yn 497 gemeenten yndield en is sûnder de grutte wettergebieten likernôch 8,3 kear sa grut as Nederlân. It is de op fiif nei meast befolke steat en de op njoggen nei grutste neffens oerflak. De steat leit yn it meast súdlike part fan it lân en grinzget yn it noarden en noardeasten oan Santa Catarina, yn it easten oan 'e Atlantyske Oseaan, yn it suden en súdwesten oan 'e Oerûguajaanske departeminten Rocha, Treinta y Tres, Cerro Largo, Rivera en Artigas, en yn it westen en noardwesten oan 'e Argentynske provinsjes Corrientes en Misiones. De haadstêd en grutste stêd is Porto Alegre. De dielsteat hat de heechste libbensferwachting fan Brazylje en de kriminaliteit leit relatyf leech yn ferlikening mei it lanlik gemiddelde.
De steat dielt in gaúcho-kultuer mei syn buorlannen Argentynje en Oerûguay. Foardat Portegeeske en Spaanske kolonisten oankamen, waard it gebiet meastentiids bewennet troch de Guaraní- en Kaingang-folken (mei lytsere populaasjes Charrúa en Minuane). De earste Jeropeeke bewenners wienen jezuïten, folge troch kolonisten fan 'e Azoaren. Yn 'e 19e iuw hie de regio te lijen fan konflikten lykas de Farroupilha-opstân en de Paragûajaanske Oarloch. De steat hat ek grutte mienskippen fan Italjaanske en Dútske komôf.
De steat Rio Grande do Sul waard offisjeel op 28 febrewaris 1821 oprjochte as de provinsje Rio Grande do Sul (Província de São Pedro do Rio Grande do Sul) yn it Keizerryk Brazylje. Dêrfoar wie it in kapteinskip (Capitania de São Pedro do Rio Grande do Sul, oprjochte yn 1807). Nei de fal fan 'e monargy en de stifting fan 'e Republyk Brazylje waard it op 15 novimber 1889 formeel in dielsteat (Estado do Rio Grande do Sul).
Skiednis Koloniale tiid en earste bewenners thumb|left|Ruïne fan 'e Jezuïtemissy Sint-Michael Yn 'e 17e en 18e iuw waard it gebiet bewenne troch de lânseigen Guaraní-Yndianen. Spaanske jezuïten stiften dêr harren missydoarpen , lykas São Miguel das Missões. Portegal en Spanje fochten desennia lang om de grins fan 'e regio. Om de Portegeeske oanspraak te fersterkjen, waarden kolonisten út de Azoaren helle, dy't ûnder oare de haadstêd Porto Alegre stiften. Yn 1801 kaam it gebiet definityf yn Portegeeske hannen.
De Farroupilha-revolúsje (1835–1845) Yn 'e 19e iuw dreau de ekonomy foaral op grutte feebedriuwen en de ferkeap fan pikelfleis (charque). Doe't de lanlike oerheid de lokale feehâlders te min beskerme tsjin bûtenlânske konkurrinsje, bruts yn 1835 opskuor út: de Farroupilha-revolúsje. De opstannelingen rôpen sels in eigen republyk út, mar nei tsien jier striid sluten hja frede mei it Braziljaanske keizerryk.
Ymmigraasje en moderne tiid thumb|260px|Protestantske skoalle fan Dútske migranten De twadde helte fan 'e 19e iuw brocht grutte feroaringen troch de komst fan grutte groepen Dútske en Italjaanske ymmigranten. Hja stiften eigen mienskippen yn it berchlân en op 'e lânbougrûn. Yn 'e 20e iuw spile Rio Grande do Sul in wichtige rol yn 'e lanlike polityk. De gûverneur fan 'e steat, Getúlio Vargas, grypte yn 1930 de macht yn Brazylje en waard letter presidint.
Geografy thumb|left|Lagoa dos Patos It noarden fan Rio Grande do Sul leit op in heechflakte mei lege berchrigen. In berchrige rint fan 'e Serra do Mar yn Santa Catarina troch de steat Rio Grande do Sul nei Oerûguay. Bewesten dy berchrige leit in grutte gersflakte foar feehâlderij (skiep yn it hegere noarden, kij yn it suden). Eastlik leit in lege kustsône mei twa grutte strânmarren (Lagoa dos Patos en Lagoa Mirim) dy't troch twa sânige skiereilannen fan 'e oseaan skieden wurde. De kust bestiet út ien grut sânstrân, ûnderbrutsen troch de mûning fan 'e twa marren, dy't de Rio Grande neamd wurdt. thumb|260px|De 15 km brede Salto Yucumã, in wetterfal op 'e grins fan Brazylje en Oerûguay De steat hat twa ôfwetteringsstelsels. Rivieren lykas de Jacuí, Sinos, Caí, Gravataí en Camaquã foarmje it eastlike stelsel en mûnje út yn 'e Lagoa dos Patos (de earste fjouwer oer de 56 km lange Guaíba-mar. De Jaguarão mûnet út yn 'e Lagoa Mirim en foarmet in part fan 'e grins mei Oerûguay. It Río de la Plata-bekken foarmet it westlike stelsel. Mear as in tredde fan 'e steat wetteret ôf nei de Oerûgûay-rivier, dy't in natuerlike grins mei Argentynje en Oerûgûay foarmet. Wichtige sydrivieren binne de Ijuí, de Ibicuí en de Quaraí (dy't ek in stik fan 'e grins mei Oerûguay foarmet).
De Lagoa dos Patos (214 km lang, 35–58 km breed) en de Lagoa Mirim (175 km lang, op de grins mei Urûguay) binne ûndjippe oerbliuwsels fan in âlde kustynham. Se binne troch it São Gonçalo-kanaal meiïnoar ferbûn.
Befolking thumb|260px|Doarpke mei lânseigen befolking. De etnyske opbou fan 'e befolking wykt gâns ôf fan it lanlik gemiddelde yn Brazylje, benammen troch de grutte Jeropeeske migraasjeweagen yn 'e 19e en 20e iuw:
Blank (Brancos): 78,4% – foaral minsken fan Italjaanske, Dútske, Portegeeske (Azoaryske) en Poalske komôf. Mingd (Pardos): 14,7% – neiteam fan mingde etnyske eftergrûn (ynklusyf mestizen en caboclos). Swart (Pretos): 6,5% – neiteam fan Afrikaanske slave-arbeiders. Aziatysk (Amarelos) en lânseigen folken (Indígenas): 0,7% – dêrûnder de lânseigen mienskippen fan 'e Guarani en Kaingang.
+ Befolkingsûntwikkeling fan Rio Grande do Sul (1872–2022) Jier 1872 1890 1900 1920 1940 1950 1960 Ynwennertal 434.813 897.455 1.149.070 2.182.713 3.320.689 4.164.821 5.448.823 Groei — +106,4% +28,0% +90,0% +52,1% +25,4% +30,8% Jier 1970 1980 1991 2000 2010 2022 Ynwennertal 6.755.458 7.942.722 9.135.479 10.187.842 10.693.929 10.882.965 Groei +24,0% +17,6% +15,0% +11,5% +5,0% +1,8%
Grutste stêden thumb|260px|Porto Alegre Stêd Ynwenners Stêd Ynwenners border|20px|Porto Alegre Porto Alegre 1.332.570 20px|border|Alvorada Alvorada 187.315 border|20px|Caxias do Sul Caxias do Sul 463.501 20px|border|Passo Fundo Passo Fundo 206.224 20px|border|Canoas Canoas 347.657 20px|border|Sapucaia do Sul Sapucaia do Sul 132.107 20px|border|Pelotas Pelotas 325.681 border|20px|Santa Cruz do Sul Santa Cruz do Sul 133.230 20px|border|Santa Maria Santa Maria 271.633 20px|border|Cachoeirinha Cachoeirinha 127.506 20px|border|Gravataí Gravataí 265.070 20px|border|Bento Gonçalves Bento Gonçalves 123.151 20px|border|Viamão Viamão 249.257 20px|border|Uruguaiana Uruguaiana 117.210 20px|border|Novo Hamburgo Novo Hamburgo 227.732 border|20px|Bagé Bagé 117.938 border|20px|São Leopoldo São Leopoldo 217.410 border|20px|Erechim Erechim 105.705 border|20px|Rio Grande Rio Grande 191.900 20px|border|Guaíba Guaíba 92.917 Boarne: IBGE - Censo Demográfico 2022
Religy thumb|260px|Igreja Nossa Senhora das Dores, Porto Alegre Neffens de folkstelling fan 2022 is de religieuze ferdieling fan 'e befolking fan Rio Grande do Sul (fan 10 jier en âlder) as folget:
roomsk-katolyk: 60,63% protestantsk/evangeelysk: 21,35%. sûnder leauwe: 8,82%. Afro-Brazyljaanske religys (Umbanda en Candomblé): 3,19%. spiritisme: 2,86%. lânseigen tradysjes: 0,03%. oare religys / net opjûn: 3,12%.
Njoggen fan 'e tsien meast katolike gemeenten fan Brazylje lizze yn Rio Grande do Sul, mei Montauri mei 98,3% op it earste plak. De katolike tsjerke is ferdield yn fjouwer aartsbisdommen (Porto Alegre, Pelotas, Passo Fundo en Santa Maria) mei yn totaal 14 suffragane bisdommen. Tagelyk lizze seis fan 'e tsien meast protestantske gemeenten fan it lân hjir, mei Arroio do Padre mei 88,7% op it earste plak.
De steat hat it heechste persintaazje oanhingers fan Umbanda en Candomblé fan alle Braziljaanske dielsteaten. Njoggen fan 'e tsien gemeenten mei de measte oanhingers lizze yn dizze steat.
Taal en dialekten It Portekeesk is de offisjele taal. Troch de sterke histoaryske ymmigraasje wurde der yn it binnenlân lykwols noch ferskate regionale minderheidstalen praat.
It Taliaansk is in regionaal Italjaansk dialekt (basearre op it Feneesjaansk) dat benammen yn 'e Serra Gaúcha praat wurdt. It hat de status fan kultureel erfgoed fan Brazylje.
It Riograndenser Hunsrückisch is in Dútsk dialekt dat syn oarsprong hat yn Rynlân-Palts en troch desennia fan isolearre mienskippen syn eigen foarm behâlden hat.
Toerisme De dielsteat Rio Grande do Sul hat in ferskaat oan toeristyske attraksjes:
De stêden Gramado en Canela binne tige populêr foar lúks toerisme. Lâns de Rota Romântica en de Região das Hortênsias (bekend om de blauwe hortinsjes yn 'e maitiid) kinne besikers yn 'e kunde komme mei de lokale Dútske arsjitektuer en kultuer yn it berchlân.
Yn regio's Caxias do Sul en Bento Gonçalves stiet de wynbou en de Italjaanske ymmigrantekultuer sintraal en binne de rûtes Caminhos da Colônia en de Rota do Vinho e da Uva útset.
In soad toeristen komme ek foar de tradysjes en gewoanten fan 'e Gaúcho's op 'e pampa's. Dy kultuer is noch libben yn 'e haadstêd Porto Alegre en yn it binnenlân, lykas yn Santa Maria en Passo Fundo.
Yn it meast westlike part lizze noch oerbliuwsels fan 'e 17e- en 18e-iuwske jezuïtemissys fan de Guaraní. De meast wichtige ruïne is dy fan São Miguel das Missões (of São Miguel Arcanjo), tichteby de hjoeddeiske stêd Santo Ângelo. De missys foarmje wrâlderfgoed fan UNESCO.
Nasjonale parken thumb|260px|Nasjonaal Park Lagoa do Peixe + Nasjonale parken yn Rio Grande do Sul (ICMBio)Instituto Chico Mendes de Conservação da Biodiversidade Park Oerflak (ha) Stifting Gemeenten Nasjonaal Park Aparados da Serra* 13.000 1959 Cambará do Sul (ek yn Santa Catarina) Nasjonaal Park Lagoa do Peixe 36.721 1986 Mostardas, Tavares, São José do Norte Nasjonaal Park Serra Geral* 17.300 1992 Cambará do Sul, Jaquirana (ek yn Santa Catarina) * Dizze parken lizze op 'e grins fan Rio Grande do Sul en Santa Catarina en wurde troch beide steaten dield.
Ekonomy thumb|left|Haven fan Rio Grande De ekonomy fan Rio Grande do Sul is ien fan 'e meast ûntwikkele fan Brazylje. De dielsteat hat nei São Paulo, Rio de Janeiro en Minas Gerais it grutste bruto ynlânsk produkt fan it lân. De ekonomy stipet sterk op in kombinaasje fan in meganisearre en heechproduktive agraryske sektor, yndustry mei in grut ferskaat en in bloeiende tsjinste- en toeristesektor. De havenstêd Rio Grande is in essintjeel logistyk knooppunt foar de eksport nei oare wrâlddelen en oare Mercosur-lannen.
Kategory:Steat fan Brazylje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1889