De tigerwurger (Lanius tigrinus) is in Eastaziatyske fûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Skaaimerken thumb|left|Tekening fan in mantsje en wyfke De tigerwurger is in frij lytse wurger fan 17 oant 18,5 sm lang mei in readbrune rêch. It mantsje hat in grize krún en nekke en is kastanjebrún oan 'e boppekant mei tichte swarte dwersstreken dy't de soarte syn namme jûn hawwe. Oer it each rint in breed swart masker. De ûnderkant is wyt, mei swartbrune dwersstreken op 'e flanken. It wyfke liket op it mantsje, mar hat wyt op 'e team en de wynbraustreek. De jonge fûgel is doffer brún fan kleur mei in swarte eachstreek, in bleke wynbraustreek en in bêzje-eftige ûnderkant mei dwersstreken.

Fersprieding en systematyk De fûgel briedt yn Noardeast-Aazje, om krekter te wêzen yn Súdeast-Sibearje, noardeastlik en eastlik Sina (eastlik fan Shaanxi, Sichuan en Guizhou), Koreä (útsein de súdlike kust) en Japan (Honshu, Sado en eastlik Kyushu). Winterdeis migrearret de fûgel nei Súdeast-Aazje; it ferspriedingsgebiet leit fan eastlik Birma en Súdeast-Sina oant it Maleizysk Skiereilân, Singapoer, Noard-Laos, Sintraal-Fjetnam en de Grutte Sûnda-eilannen ynklusyf Baly. De noardlike grins fan it oerwinteringsgebiet leit sadwaande krekt súdlik fan 'e súdlike grins fan it briedgebiet.

De soarte is as swalker waarnommen in Hongkong, de Filipinen en Taiwan. De tigerwurger wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.

Leefwize De tigerwurger briedt yn leaf- en mingde bosken mei tichte ûndergroei oant 900 meter hichte yn gebieten mei in tuskenbeide klimaat. Lykas oare wurgers jaget er fan in hege útsjochpost oan boskrânen, mar de soarte is wol mear oan bosk bûn as de brune skatekster. Hy yt hast allinnich ynsekten en fangt komselden lytse fûgels of lytse wringedierkes. De fûgel briedt fan maaie oant july; yn Sibearje en Japan wurde de aaien yn juny lein. De soarte bringt mar ien lechsel yn it jier grut. It is in trekfûgel, mar yn Japan bliuwe faak in pear fûgels efter.

Status en bedriging De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne, al is dat noch net sa slim om de fûgel as bedrige te beskôgjen. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de soarte wurdt as seldsum yn Sina en Ruslân omskreaun, relatyf algemien yn Koreä en ungewoan yn Japan en yn 'e rest fan it ferspriedingsgebiet.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam