Mato Grosso do Sul (Portegeesk foar "Súdlik Ticht Beamkeguod") is ien fan 'e 27 federale ienheden fan Brazylje yn it suden fan 'e regio Sintraal-West. De dielsteat grinzget oan fiif Brazyljaanske steaten (Mato Grosso, Goiás, Minas Gerais, São Paulo en Paraná) en twa Súdamerikaanske lannen (Paraguay en Bolivia). De steat is ferdield yn 79 gemeenten en beslacht in oerflak fan 357.146 km², wat likernôch sa grut is as Dútslân. Mei 2.946.317 ynwenners yn 2026 is de steat op tweintich nei de meast befolke steat fan Brazylje.

De haadstêd en grutste stêd is Campo Grande. De ekonomy is foar in grut part ôfhinklik fan lânbou en feehâlderij. De steat wurdt yn it suden troch de Stienbokskearkring trochsnien en hat oer it algemien in waarm en fochtich klimaat mei in soad sydrivieren fan 'e Paraná. Mato Grosso do Sul stiet bekend om syn natuer en wurdt besocht troch toeristen út Brazylje en it bûtenlân.

Skiednis Yn 'e jierren 1630 stiften de jezuïten ek foar in skoft missydoarpen tusken de lânseigen Guaraní yn 'e Itatín-regio fan it hjoeddeiske Mato Grosso do Sul. Dy missydoarpen waarden troch bandeirantes en opstannen fan 'e lânseigen befolking ferneatige. thumb|left|Guaraní-Kaiowá De earste bewenners of lânseigen folken fan Mato Grosso do Sul, dy't fral yn it tropyske reinwâld fan Nhande Ru Marangatu wennen, binne de Guaraní-Kaiowá. Hja kamen yn 'e 19e iuw foar it earst yn kontakt mei net-lânseigen minsken.

Op 11 oktober 1977 ûntstie de dielsteat troch ôfskieding fan Mato Grosso. De status as selsstannige steat waard twa jier letter op 1 jannewaris 1979 folslein fan krêft. De nije steat bestiet ek út it eardere federale territoarium fan Ponta Porã.

Geografy en klimaat Fegetaasje en ekosystemen De steat leit yn it westen fan Brazylje en wurdt foar it grutste part bedutsen troch it sompegebiet fan 'e Pantanal en de Cerrado. thumb|260px|Gruta do Lago Azul De leechflakte fan 'e Pantanal biedt in ferskaat oan floara en fauna, mei bosken, sânbanken, savannes, iepen greide en beamkeguod. De stêd Bonito, yn it Bodoquenaberchtme, hat prehistoaryske grotten, natuerlike rivieren, wetterfallen en it bekende natuermonumint Gruta do Lago Azul.

De Cerrado bestiet út iepen savannes mei galerijbosken yn rivierdellingen. De strûken en beammen yn dit gebiet hawwe har oanpast oan regelmjittige natuerbrannen troch in dikke bast, brede blêden en djippe woartels wêrmei't hja wetter en fiedingsstoffen opslaan.

It heechste punt fan de steat is de Morro Grande mei in hichte fan 1.065 meter.

Miljeu en ûntbosking thumb|left|Brânbestriding yn 'e Pantanal Lânbou en feehâlderij binne de grutste oarsaken fan ûntbosking yn 'e steat. Yn 2024 waard mear as 90.000 hektare primêr bosk kapt. Dêrnjonken hat de Pantanal te lijen fan hieltyd gruttere boskbrannen, dy't feroarsake wurde troch it platbaarnen foar lânbougrûn yn kombinaasje mei drûgere omstannichheden troch klimaatferoaring.

Klimaat Mato Grosso do Sul hat in fochtich subtropysk en tropysk klimaat mei alle jierren trochstrings 1.471,1 mm oan delslach. Jannewaris is de waarmste en wietste moanne, mei in trochsneed maksimumtemperatuer fan 34 °C en in minimum fan 24 °C. July is de kâldste moanne (mei in maksimum fan 25 °C en in minimum fan −2,0 °C) en hat oer it algemien in soad sinne.

Demografy It grutste part fan 'e befolking wennet yn stêden (84,7%).

Neffens de folkstelling fan 2022 is de etnyske gearstalling fan 'e befolking as folget:

mingde befolking 46,9% blanke befolking: 42,4% swarte befolking: 6,5% lânseigen befolking: 3,5% Aziatyske befolking: 0,7%

Yn 'e Cerrado-gebieten, foaral yn it suden, sintrum en easten, binne de Súdbrazyljaanske boeren fan Spaanske, Dútske, Portegeeske, Italjaanske en Slavyske komôf yn 'e mearderheid.

+ Befolkingsûntwikkeling fan Mato Grosso do Sul (1940–2022) Jier 1940 1950 1960 1970 1980 Ynwennertal 238.640 309.395 579.652 1.010.731 1.401.151 Groei — +29,6% +87,4% +74,4% +38,6% Jier 1991 2000 2010 2022 Ynwennertal 1.778.741 2.078.070 2.449.024 2.757.013 Groei +26,9% +16,8% +17,9% +12,6%

Grutste stêden thumb|260px|Campo Grande Stêd Ynwenners 20px|border|Campo Grande Campo Grande 897.938 20px|border|Dourados Dourados 243.368 20px|border|Três Lagoas Três Lagoas 132.152 20px|border|Corumbá Corumbá 96.268 20px|border|Ponta Porã Ponta Porã 92.017 Boarne: IBGE - Censo Demográfico 2022

Religy Lykas yn 'e rest fan Brazylje is it roomsk-katolike oandiel fan 'e befolking tebekrûn en it protestantske oandiel tanommen. Ek it oandiel fan minsken sûnder tsjerklike bining is wat tanommen:

roomsk-katolyk: 59,4% (de grutste groep yn 'e steat) protestantsk: 26,5% sûnder religy: 9,2% (Mato Grosso do Sul hat ien fan de heechste persintaazjes minsken sûnder religy yn it lân) spiritisme: 1,9% oare religys / net opjûn: sa'n 3%

Toerisme en Natuer thumb|left|It heldere wetter fan 'e Rio da Prata De wichtichste toeristyske stêd fan 'e steat is Bonito, dat beskôge wurdt as de haadstêd fan it ekotoerisme yn Brazylje. De grutste attraksjes binne it natuerlike lânskip, de heldere rivieren, wetterfallen, grotten en sinkgatten. Tegearre mei Jardim, Guia Lopes da Laguna en Bodoquena foarmet it de kearn fan it toerisme yn 'e regio. Ek de Pantanal wurdt troch in soad toeristen besocht.

Fierder bloeit it toerisme yn Ponta Porã, Bela Vista en Porto Murtinho oan 'e grins mei Paragûay. Troch ferbettere ynfrastruktuer sil nei alle gedachten foaral yn Porto Murtinho it saaklik toerisme sterk tanimme.

Nasjonale parken thumb|260px|Nasjonaal Park Ilha Grande Park Oerflak yn MS Stifting Gemeente(n) Beskriuwing Nasjonaal Park Serra da Bodoquena 76.400 ha 2000 Bonito, Bodoquena, Jardim, Porto Murtinho Cerrado & Atlantic Forest; karstlânskip, heldere rivieren en grotten Nasjonaal Park Pantanal Matogrossense 135.000 ha 1981 Corumbá (grins mei MT) Pantanal; grutstskalich sompegebiet mei rike floara en fauna (wrâlderfgoed) Nasjonaal Park Ilha Grande 78.800 ha 1997 Naviraí, Itaquiraí, Eldorados (grins mei Paraná) Eilannen en rivier-ekosystemen yn 'e Paraná-rivier

Ekonomy De ekonomy fan Mato Grosso do Sul is foar in grut part ôfhinklik fan 'e tsjinstesektor en in sterke agraryske sektor. De steat is ien fan 'e wichtichste lânbou- en feehâlderijregio's fan Brazylje. De wichtichste lânbouprodukten binne sojabeannen, maïs, sûkerreid en kassaves. Dêrnjonken is der in soad fee en is de steat in wichtige eksporteur fan kowefleis, plomfee en bargefleis.

Yn 'e yndustrysektor binne foaral de fiedselferwurking, de bou en de enerzjyfoarsjenning fan belang. De stêd Três Lagoas hat him ûntwikkele ta in grut sintrum foar de produksje en eksport fan papier en selluloaze, mei grutte eukalyptusplantaazjes yn 'e regio. De mynbou yn 'e steat is fral aktyf yn it winnen fan izer- en mangaanerts.

Kategory:Steat fan Brazylje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1979