Friedrich Wilhelm Hemprich (Glatz (Neder-Silezië), 24 juny 1796 - Massawa (Eritreä), 30 juny 1825) wie in Dútske natuerûndersiker, soölooch en dokter.

Biografy Hemprich studearre genêskunde yn Breslau en Berlyn en promovearre dêr. Yn Berlyn rekke er befreone mei Christian Gottfried Ehrenberg, dy't krekt as Hemprich in protte nocht hie oan natuerlike histoarje.

Hemprich joech kollezje oan de Universiteit fan Berlyn oer ferlykjende fysiology en skreau Grundriss der Naturgeschichte ('Gearfetting fan de natuerlike histoarje') (1820). Yn syn frije tiid bestudearre er reptilen en amfibyen yn it soölogysk museum ûnder lieding fan Martin Lichtenstein.

Yn 1820–1821 waarden se beide troch Martin Lichtenstein útnûge om as natuerûndersikers diel te nimmen oan in ekspedysje nei Egypte. De reis brocht harren fan Kaïro nei Derna yn Libië. Under in twadde ekspedysje fan 1821 oant 1825 reizgen se nei it suden lâns de Nyl, trokken se troch de Sinaï-woastyn en Libanon en reizgen se oer de Reade See. Underweis sammelen se eksimplaren dy't fan belang wiene foar de natuerhistoarje. Hemprich stoar oan (in) tropyske koarts yn de haven fan Massawa.

Hemprich wie lid fan de studintekorpsen Teutonia Breslau en Borussia Breslau (1819). Kösener Corpslisten 1930, 18/16 Syn broer wie Carl Heinrich Hemprich (1798–1844), in kueroarddokter yn Kudowa Zdrój. Walter Schmidt: Lebensschicksale. Verfolgte schlesische Burschenschafter aus dem frühen 19. Jahrhundert. Yn: Würzburger medizinhistorische Mitteilungen. Band 22, 2003, S. 449–521, hier: s. 490. (1798–1844).GedBas

Wurk Symbolæ physicæ. Mittler, Berlyn 1828–33 pm. (co: Christian Gottfried Ehrenberg) Reisen in Aegypten, Libyen, Nubien und Dongola. Mittler, Berlyn 1828 pm. Grundriß der Naturgeschichte für höhere Lehranstalten. Rücker, Berlyn 1820–29 pm.

Kategory:Dútsk soölooch Kategory:Dútsk ûntdekkingsreizger Kategory:Dútsk dokter Kategory:Dútsk publisist Kategory:Persoan berne yn 1796 Kategory:Persoan stoarn yn 1825