Max und Moritz, is in Dútsk yllustrearre ferhaal út 1865, skreaun en tekene troch Wilhelm Busch. It bestiet út tekeningen mei by elk printsje rymjende teksten. It ferhaal wie yn it begjin net tige suksesfol, mar doe't der meardere oplagen ferskynden waard Busch bekend by it grutte publyk. Yn Dútslân is it in bliuwend populêre klassiker fan de berneliteratuer.
Max en Moritz binne twa kweajonges dy't harren doarp ûnfeilich meitsje. Se helje yn totaal sân fiten út, wêrfan't se de lêste mei de dea bekeapje moatte.
Dizze rige ynspirearre yn 1893 Rudolph Dirks syn searje Amerikaanske tekenteltsjes The Katzenjammer Kids, wêrby't de twa haad persoanen hast eksakte kopyen binne fan Max en Moritz kwa uterlik en gedrach. It ferhaal fan Busch (en oare fan syn ferhalen) wurdt sjoen as ien fan de earste tekenteltsjes of sels as in foarrinner fan it tekenteltsje.
Ynhâld
thumb|right|De widdo sjocht wat der mei har hinnen bard is. Earste fyt: Max en Moritz fange de hinnen fan de widdo Bolte mei stikjes bôle, dy't mei tou oan elkoar fêstmakke binne. De hinnen fleane har fêst yn de beam, dêr't se troch de widdo út har lijen ferlost wurde.thumb|left|Wêr binne de hinnen bleaun? Twadde fyt: De widdo Bolte wol de hinnen briede, mar wylst se efkes yn 'e kelder is, angelje Max en Moritz de hinnen troch de skoarstien omheech. It hûntsje Spitz kriget de skuld.thumb|right|De kleanmakker falt yn it wetter. Tredde fyt: Max en Moritz seagen it houten brechje foar it hûs fan kleanmakker Böck hast troch, wêrtroch't de earme kleanmakker yn it iiskâlde streamke bedarret.left|thumb|left|Master Lämpel hat de eksploazje mar krekt oerlibbe. Fjirde fyt: Skoalmaster en organist Lämpel stekt sûnder euvelmoed de piip oan as er thúskomt út de tsjerke. Max en Moritz hawwe der wilens de tsjerketsjinst buskrûd yn stoppe.thumb|right|Max en Moritz sammelje maaituorren. Fiifde fyt: Omke Fritz wol sliepe, mar dêr komt net folle fan terjochte trochdat Max en Moritz syn bêd foltroppe hawwe mei maaituorren. left|thumb|De bakker skoot de jonges yn de oven. Sechsde fyt: Max en Moritz wolle kreakingen stelle by de bakkerij. Spitigernôch falle se yn 'e bak mei daai, krekt op it momint dat de bakker weromkomt. De bakker bakt twa broadsjes fan de daaimantsjes. As se út de oven komme docht bliken dat se noch libje en ite har in wei nei bûten.thumb|right|"Sjoch ris mûnder, hear man, mealje dy twa sa hurd ast kinst." Lêste fyt: Max en Moritz snije gatten yn de nôtsekken fan boer Mecke. As de boer de sekken nei de nôtmûne bringe wol, streamt it nôt derút. Mar de boer krijt Max en Moritz te pakken. Hy stoppet se yn in sek en docht dêrmei wat er mei it nôt dwaan wollen hie: hy bringt se nei de mûne. De restanten fan Max en Moritz wurde oan de einen fierd.
De doarpsbewenners binne bliid dat it lang om let oer is mei de fyten.
Kategory:Stripfiguer Kategory:Stripsearje út 1865 Kategory:Dútsktalige stripsearje Kategory:Fiktyf personaazje yntrodusearre yn 1865 Kategory:Fiktyf Dútsk persoan