De isabelwurger (Lanius isabellinus) is in sjongfûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae) dy't foarkomt yn Aazje.
Skaaimerken thumb|left|Isabelwurger yn Yndia De fûgel is 16,5 oant 18 sm lang, it formaat fan 'e skatekster, dêr't de fûgel ek wol wat fan hat. De soarte weaget 25 oant 34 gram en hat in spanwiidte fan 37 oant 42 sintimeter.
In opfallend ferskil is de relatyf lange en rustkleurige sturt. It mantsje hat in okerkleurige oant rustreade kap (krún en foarholle), dêr't de skatekster griis is. De fûgel is fierder sânkleurich, griisbrún fan boppe en mear okerkleurich mei in bêzje waas op 'e búk en it boarst. It wyfke is goed te ûnderskieden troch it ûntbrekken fan griis en de readbrune sturt.
Fersprieding en leefgebiet De isabelwurger briedt yn Midden-Aazje en oerwinteret yn it westen fan it Yndysk subkontinint, it Arabysk skiereilân en Sintraal-Afrika. Der binne trije ûndersoarten:
Lanius isabellinus isabellinus – noardlik Sina, Mongoalje en súdlik Sibearje Lanius isabellinus arenarius – noardwestlik Sina Lanius isabellinus tsaidamensis – westlik sintraal Sina
It leefgebiet bestiet út gebieten mei drûch strûkguod (foaral Tamarix), yn rivierdellingen en ek op heechflaktes en berchtmes yn 'e sône mei in soad strûken oant 3500 m boppe de seespegel yn 'e Pamir. Yn 'e oerwinteringsgebieten komt de fûgel faak foar yn kultuerlânskip en somtiden sels yn sompegebieten.
Foarkommen yn West-Jeropa De isabelwurger is in seldsume dwaalgast yn West-Jeropa. Yn Nederlân binne tusken 1995 en 2024 mear as twintich befêstige waarnimmingen dien, û.o. op 'e waadeilannen en it Lauwersmargebiet. De measte waarnimmingen yn dat tiidrek binne yn 'e hjerst dien.Dutch Avifauna, oproppen 20 septimber 2026.
Status De grutte fan 'e populaasje is net kwantifisearre. Oannommen wurdt dat de soarte in stabile populaasetrend hat. Dêrfandinne stiet de isabelwurger as net bedrige (Least Concern, LC) op 'e Reade List fan 'e IUCN.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia