Warren Earp (folút: Warren Baxter Earp; Pella (Iowa), 9 maart 1855 – Wilcox (Arizona), 6 july 1900) wie in Amerikaansk kolonist yn it Wylde Westen, dy't û.o. as plysjeman en as postkoetsier wurke. Hy krige in beskate bekendheid om't er de jongere broer wie fan 'e ferneamde plysjeman en revolverman Wyatt Earp. Nei de mislearre moardoanslach op harren broer Virgil en de moard op harren broer Morgan joech Warren Earp him by Wyatt en dy syn maten om by in barren dat bekend kommen is te stean as de Earp Vendetta Ride wraak te nimmen op 'e dieders. Yn lettere jierren kaam Warren Earp op in kweanamme te lizzen omreden fan syn opljeppendheid, syn fêsthâlden oan âlde wrok, syn oerhingjen ta narjen en fanwegen it feit dat er allegeduerigen meilifte op 'e reputaasje fan syn bekende âldere bruorren. Yn july 1900 krige er spul en focht er in dronken duël út wêrby't er deasketten waard.

Komôf en jonkheid Warren Earp waard yn 1855 berne yn Pella, yn 'e Amerikaanske steat Iowa, as de soan fan 'e boer en kûper Nicholas Porter Earp (1813–1907) en dy syn twadde frou Virginia Ann Cooksey (1821–1893). Hy wie fan mingd Ingelsk en Ulstersk (protestantsk Noardiersk) etnysk komôf. Warren Earp hie sân folle bruorren en susters: James (1841–1926), Virgil (1843–1905), Martha (1845–1856), Wyatt (1848–1929), Morgan (1851–1882), Virginia (1858–1861) en Adelia (1861–1941). Hy hie út it earste houlik fan syn heit ek in âldere healbroer, Newton (1837–1928).

Oer syn jonkheid is net folle bekend. Hy wie te jong om yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861–1865) te fjochtsjen, sa't syn bruorren James en Virgil en syn healbroer Newton diene.

Nei Tombstone Doe't syn bruorren Virgil, Wyatt en Morgan har ein 1879 yn Tombstone fêstigen, in saneamde boom town yn it Territoarium Arizona dêr't grutte hoemannichten sulver yn 'e grûn ûntdutsen wiene, joech Warren him yn 1880 by harren.

Yn Tombstone wurke Warren Earp yn haadsaak as hantsjemuoisfeint. Ek holp er út en troch syn broer Virgil, dy't yn 'e simmer fan 1881 de pleatslike marshal waard, troch as helpmarshal belestings te ynjen en de wacht te hâlden. Warren syn bruorren rekken yn Tomstone behelle yn in heech oprinnend konflikt mei in pleatslike binde dy't bekend stie as de Cowboys. Dyselden teheisteren de hiele krite mei feedieverij en oerfallen. De spannings tusken de beide partijen kamen op 26 oktober 1881 foarearst ta in hichtepunt doe't Virgil, Wyatt en Morgan Earp en Wyatt syn maat, de gokker Doc Holliday, it yn 'e letter berucht wurden Sjitpartij by de O.K.-Kraal opnamen tsjin fiif leden fan 'e Cowboys en trije fan harren deaskeaten.

Warren Earp wie dêr net by belutsen; op it stuit fan 'e sjitpartij wie hy yn Colton, yn Súdlik Kalifornje, dêr't syn âldelju doe wennen. Hy ferbleau dêr ferskate moannen en wie dêr noch, doe't syn broer Virgil op 28 desimber 1881 út in mûklaach wei delsketten waard troch de op wraak sinnende Cowboys. Virgil oerlibbe de moardoanslach, mar moast foar de rest fan syn libben it gebrûk fan in earm misse. Nei dy mislearre moardoanslach kearde Warren werom nei Tombstone, dêr't er troch Wyatt, dy't assistint-U.S. marshal wie, yn dyselde funksje beëdige waard.

Earp Vendetta Ride Treddel moanne letter, op 18 maart 1882, waard Morgan Earp fermoarde yn in pleatslike biljertsalon. Syn stoflik omskot waard in dei letter ûnder begelieding fan James Earp op 'e trein nei Kalifornje set, dêr't it yn Colton beïerdige wurde soe. Praktyske beswieren kamen foar dat de doe noch altyd sterk ferswakke Virgil ek mei-iens yn feilichheid brocht waard troch him nei Colton te stjoeren. Dat barde sadwaande noch wer in dei letter, op 20 maart. Warren Earp joech him doe by in posse dy't troch syn broer Wyatt gearstald wie om Virgil en dy syn frou Allie te bewekjen wylst se nei it spoarstasjon yn Benson brocht waarden. De oare leden fan 'e posse wiene Wyatt sels, Doc Holliday, Sherman McMasters en "Turkey Creek" Jack Johnson.

It hie de bedoeling west dat de posse daliks weromkeare soe nei Tombstone as de trein út Benson wei ôfset wie, mar ûnderweis nei it stasjon berikte Wyatt yn Contention de tynge dat Frank Stilwell, Ike Clanton, Hank Swilling en noch in fjirde lid fan 'e Cowboys yn Tucson de trochgeande treinen nei Kalifornje yn it each holden, mei as doel om Virgil op te heinen en him te fermoardzjen. Dêrom reizge de posse mei oant Tucson, dêr't se by oankomst op it stasjon fuortendaliks Stilwell-en-dy yn it each krigen. Doe't de trein út Tucson wei ôfset wie, fûn der in konfrontaasje plak tusken Wyatt en Stillwell wêrby't dy lêste dearekke. It is noch altyd net dúdlik wat der no krekt barde, mar de autoriteiten yn Tucson hieten it moard en furdigen in arrestaasjebefel út tsjin Wyatt, Warren en de oare trije leden fan 'e posse.

Op basis dêrfan stalde de korrupte sheriff Johnny Behan fan Cochise County, dy't anneks wie mei de Cowboys, yn Tombstone in eigen posse gear om 'e Earps en harren meistanners op te pakken. Dyselden, ûnder wa ek Warren Earp, begûnen doe, op 'e flecht foar de autoriteiten, har eigen privee-oarlochje tsjin 'e Cowboys, dat bekend kaam te stean as de Earp Vendetta Ride.

Op 21 maart kearden de mannen om harsels te befoarriedzjen eefkes werom yn Tombstone, dêr't Behan harren besocht te arrestearjen. Mar de Earps en harren meistanners wiene sa swier bewapene dat de sheriff en syn hantlangers de konfrontaasje net oan doarsten te gean. Neitiid rieden de Earps en harren freonen nei in houtsjerskamp yn it Dragoonberchtme. Dêr troffen se ien fan The Cowboys oan, in Florentino Cruz, byneamd Indian Charlie, dy't se deamakken. Twa dagen letter waard by in sjitpartij mei in stikmannich Cowboys yn 'e neite fan Iron Springs, yn it Whetstoneberchme, Curly Bill Brocius deasketten. Teminsten twa oare bindeleden dy't de Earps en harren meistanners derfan fertochten dat se by de moard op Morgan Earp belutsen west hiene, waarden troch harren ferwûne. Mei Behan-en-dy harren op 'e hakken sieten, waard de grûn harren yn Arizona lang om let te hjit ûnder de fuotten. Dat, se teagen de grins mei Nij-Meksiko oer, dêr't se útinoar giene.

Lettere jierren en dea Pas krapoan tsien jier letter, yn 1891, kearde Warren Earp wer yn Arizona werom. It is net bekend wat er yn it tuskenlizzende desennium by de ein hân hie. Yn Arizona wurke er as postkoetsier op 'e rûte tusken Wilcox en Fort Grant. Histoarisy dy't ûndersyk nei syn libben dien hawwe, achtsje it mooglik dat er ek in skoftke as ûndersiker fan gefallen fan feedieverij yn Cochise County wurke foar de rike feehâlder Henry Hooker.

Moderne ôfskilderings fan Warren Earp sette him yn 'e regel del as mar kwealk drûch efter de earen en in bytsje nayf, mar dat byld kloppet net. Nei de Earp Vendetta Ride kaam er op in kweanamme te lizzen as in narder dy't him foarstean liet op 'e reputaasje fan syn bruorren. Hy wie ek in driftkop. Nellie, de dochter syn broer Virgil, fertelde yn in fraachpetear mei de krante The Oregonian dat har heit tsjin har sein hie: "As Warren deagiet, sil dat wêze trochdat er delsketten wurdt. Hy is te rimpen en opljeppend fan aard en siket te fluch rûzje. Boppedat wol er dingen út it ferline nea rêste litte, en sadwaande ferwachtsje ik dat er op gewelddiedige wize oan syn ein komme sil."

Op 6 july 1900 rekke Warren Earp yn Brown's Saloon yn Wilcox deilis mei de foarman fan Hooker, in Johnny Boyett. Neffens de geroften wie in trijehoeksferhâlding de woartel fan 'e tsierderij, mei't beide mannen fereale wiene op deselde frou, mooglik in pleatslike prostituee. De lokale krante fan Tombstone, de Tombstone Epitaph, berjochte lykwols yn in artikel oer it barren dat it spul fuortkaam út it oanhâldende narjen troch Earp fan Boyett. De rûzje begûn ierder op 'e jûn as bekfjochtsjen, mar jûns let, doe't beide mannen dronken wiene, rûn it út op wat oars. Warren Earp skelde Boyett út mei sa'n ferheftigens dat it omsteand laach, dat yn it Wylde Westen wier wol wat wend wie, letter sei noch nea sokke taal heard te hawwen. Uteinlik soe Earp doe sein hawwe: "Boyett, helje dy't revolver op en dan besljochtsje we it no fuortendaliks. Ik haw mines hjirre, helje dines op!"

Boyett gie dêrop fuort en kaam eefkes letter werom bewapene mei twa Colt .45's. Doe't er de saloon binnen kaam, rôp Boyett om Earp, dy't dêrop troch in oare doar de jachtweide yn kaam. Sadree't er Earp seach, fjurre Boyett syn beide wapens ôf, mar om't er smoardronken wie, misten beide kûgels doel. Earp die dêrop in stapke tebek troch it doarsgat, sadat it trêde en fjirde skot fan Boyett ek missers waarden. Dêrnei kaam er de saloon op 'e nij yn wylst er sein hawwe soe: "Ik haw gjin wapens. Do bist hjir rom yn it foardiel." Wilens loek er syn jas en fest iepen om sjen te litten dat er de wierheid spriek. Tagelyk stoep er stadichoan op 'e senuwechtich oandwaande Boyett ôf, dy't him ferskate kearen om 'e nocht warskôge om stil stean te bliuwen. Doe't Earp him negearre, fjurre Boyett lang om let in fyfde kûgel ôf, dy't Warren Earp yn it boarst rekke en him op slach deade.

Warren Earp waard yn Wilcox begroeven op it Pioneer Cemetery, dêr't syn grêf noch altyd leit.

Neisleep Undersyk wiisde neitiid út dat Warren Earp yndie gjin fjoerwapen by him hân hie, hoewol't er in iepenteard bûsmês yn 'e hân ferburgen hold. Boyett bewearde dat er Earp deade hie om't er yn deadseangst ferkeard hie. Hy sei dat er der wis fan west hie dat Earp him op 'e iene of oare manear deamakke hawwe soe as er him te deunby komme liet. De fynst fan it iepentearde bûsmês, dat Earp foar 't ljocht helle hawwe moat doe't er troch syn stap tebek eefkes út it sicht wie, liek te befêstigjen dat Boyett gelyk hie. Yn elts gefal waard Boyett net daliks arrestearre, hoewol't er letter troch de autoriteiten yn 't ferhear nommen waard. Hy socht beskerming fan 'e pleatslike sheriff om't er benaud wie dat de bruorren fan Warren Earp delkomme soene om wraak op him te nimmen.

Lynn R. Bailey, de dochter fan rancher Henry Hooker, foege yn har biografy fan har heit, Henry Clay Hooker and the Sierra Bonita, de folgjende passaazje ta: "Virgil Earp sloep [neitiid] ûnder in skûlnamme Wilcox binnen, naam in keamer yn in hotel yn 'e neite fan Brown's Saloon, en begûn tsjûgen te ûnderfreegjen. Hy konkludearre dat de dea fan syn broer koelbloedige moard wie, sels al wie Warren dronken en died er op dat stuit neat oars as skellen en rachen." Oft dat wier is of net, is ûnbekend, mar yn elts gefal ûndernamen noch Virgil, noch syn bruorren Wyatt of James aksje tsjin Boyett.

Dyselde bleau yn 'e tsjinst by Henry Hooker, mar hy mijde it withoelang om him yn Wilcox te fertoanen. Jierren letter gie der in geroft dat de bruorren fan Warren Earp him dochs noch deade hiene, mar dat wie net wier. Boyett wurke troch by Hooker oant er te âld waard en loek him doe werom yn Redlands, yn Kalifornje. Hy ferstoar úteinlik oan natuerlike oarsaken yn Teksas.

Keppelings om utens Koarte biografy fan Warren Earp op FindAGrave.com

Kategory:Wyatt Earp Kategory:Amerikaansk plysjeman Kategory:Amerikaansk fuorman Kategory:Amerikaansk gokker Kategory:Persoan yn it Wylde Westen Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ulstersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1855 Kategory:Persoan stoarn yn 1900