Sigrid Kingma (Drachten, 1989) is in Frysk dichter, skriuwer en literêr resinsint. Hja debutearre yn 2016 mei de twatalige dichtbondel Reade triedleas / Red wireless. Fan novimber 2021 oant novimber 2023 wie Kingma de tredde Dichter fan Fryslân. Njonken har literêre wurk is se aktyf op it mêd fan it Frysk en meartalich ûnderwiis.

Libben en oplieding Kingma waard yn 1989 berne yn Drachten. Se studearre Frysk en Nederlânsk oan de Ryksuniversiteit Grins. Letter wie se ûnder oare aktyf yn ûndersyk en ûnderwiis op it mêd fan de Fryske taal. By NHL Stenden Hogeschool hold se har ûnder mear dwaande mei Frysk lêsbegryp, de ûntwikkeling fan toetsen foar it basis- en fuortset ûnderwiis en mei meartalich ûnderwiis troch middel fan poëzy.

Kingma hat ek in bysûndere belangstelling foar de Fryske berneliteratuer. Se skreau resinsjes fan berneboeken foar it Friesch Dagblad en die ûndersyk nei it libben en wurk fan de Fryske berneboekeskriuwster Diet Huber. Dêrneist waard se bestjoerslid fan it Simke Kloostermanlien, de stifting dy't ûnder oare de neilittenskip fan Simke Kloosterman beheart en de Simke Kloostermanpriis foar Fryske berneliteratuer organisearret.

Literêr wurk Kingma is benammen bekend as poadiumdichter. Se draacht har gedichten geregeldwei foar by literêre en kulturele eveneminten yn en bûten Fryslân. Ek hat se meiwurke oan ynternasjonale en meartalige poëzyprojekten. Yn har wurkwize spilet de foardracht in wichtige rol; Kingma hat poëzy net allinnich as in printe literêre foarm benadere, mar ek as in keunstfoarm dy't op in poadium, yn de iepenbiere romte of yn kombinaasje mei oare keunstfoarmen presintearre wurde kin.

Yn 2016 ferskynde har debútbondel Reade triedleas / Red wireless by Utjouwerij Frysk en Frij. De gedichten waarden sawol yn it Frysk as yn in Ingelske oersetting fan Trevor Scarse opnommen. De bondel telt 82 siden. By de presintaasje kombinearre Kingma poëzy mei foardracht en muzyk. Yn har iere wurk spilen ûnderwerpen út de hjoeddeiske populêre kultuer, lykas kompjûterspultsjes, in rol.

De advyskommisje dy't har letter foardroech as Dichter fan Fryslân omskreau har poëzy as tagonklik, eigentiidsk, helder en ferheljend, mei tagelyk in djippere laach. By de earste beneaming fan in Dichter fan Fryslân hie Kingma ek al meidien; har ynstjoering hearde doe mei wurk fan Meindert Talma en Eeltsje Hettinga ta de nominearre gedichten.

Kingma waard ek lid fan it Fryske dichterskollektyf RIXT. Fierders skreau se gedichten foar edukative projekten en foar it foardrachtfestival FeRstival, dêr't jongerein Fryske gedichten foardraacht.

Dichter fan Fryslân Op 12 novimber 2021 waard Kingma op it festival Explore the North yn Ljouwert troch deputearre Sietske Poepjes beneamd ta Dichter fan Fryslân. Se folge Nyk de Vries op en wie, nei Eeltsje Hettinga en De Vries, de tredde dichter dy't de funksje ferfolle. De beneaming gou foar twa jier.

As Dichter fan Fryslân hie Kingma de funksje fan poëtysk ambassadeur fan de provinsje. Yn dy perioade skreau se gedichten nei oanlieding fan aktuele of maatskiplike foarfallen en ferskynden har gedichten ûnder oare yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en by Omrop Fryslân. Har earste gedicht yn de funksje wie Trui, oer de sterk oprinnende gasprizen. Letter folgen ûnder oare Klútsjes, Helden, Wjuklam, Swalker, De wierheid en Alde freonen.

By har Dichter-fan-Fryslânskip lei Kingma ek klam op it berikken fan minsken dy't net automatysk poëzy lêze. Sa organisearre se workshops en yn 2023 in gedichtewedstriid mei as doel Fryske poëzy sichtberder te meitsjen yn it fuortset ûnderwiis. De winnende gedichten waarden as posters foar middelbere skoallen yn Fryslân ûntwurpen.

Kingma trede yn de funksje ek bûten Fryslân op. Yn 2022 waard se ûnder oare útnoege foar in literêr festival op Sardynje en droech se yn Rome foar yn it ramt fan kontakten mei de Nederlânske ambassade en DutchCulture.

Har lêste offisjele gedicht as Dichter fan Fryslân wie Opnij, dat yn oktober 2023 ferskynde. Op 16 novimber 2023 naam se by Explore the North formeel ôfskied fan de funksje. Har opfolger waard Arjan Hut.

Poëzy en ûnderwiis Njonken har autonome literêre wurk hat Kingma poëzy geregeldwei brûkt yn it ûnderwiis. Se ûntwikkele lessen en projekten dêr't learlingen mei Frysk en oare talen oan 'e slach geane troch sels gedichten te skriuwen. By NHL Stenden wie dat wurk ferbûn mei ûndersyk nei Frysk lêsbegryp en meartaligens.

Dy kombinaasje fan literatuer, taalûnderwiis en poadiumpoëzy is ek werom te sjen yn har eigen literêre praktyk. Kingma jout foardracht- en skriuwlessen oan jongerein en folwoeksenen en wurket geregeld oan projekten dêr't poëzy kombinearre wurdt mei oare keunstfoarmen of mei de iepenbiere romte.

Posysje yn de Fryske literatuer Yn 2025 wie Kingma ien fan de tsien Fryske dichters dy't troch Janneke Spoelstra ynterviewd waarden foar Wêr bliuwe de froulju? Ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988–2023). Yn dat boek wurdt oan 'e hân fan ûnder oaren Kingma har ûnderfiningen yngien op de posysje fan froulju yn de Fryske literatuer en benammen de Fryske poëzy.

Bibliografy

2016 – Reade triedleas / Red wireless, poëzy, Frysk en Ingelsk, Utjouwerij Frysk en Frij, ISBN 978-90-8566-042-2.

Sjoch ek Fryske literatuer Dichter fan Fryslân RIXT Fryske poëzij

Keppelings om utens Persoanlike webside fan Sigrid Kingma Sigrid Kingma op de webside fan Dichter fan Fryslân

Boarnen

Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk skriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Dichter fan Fryslân Kategory:Persoan berne yn Drachten Kategory:Persoan berne yn 1989