thumb|L.F. Britzel Lucas Franciscus Britzel (Makkum, 21 july 1885 — Usquert, 4 maart 1942) wie in Nederlânske agrariër en bestjoerder.
Biografy Britzel waard berne yn Makkum as soan fan pannefabrikant Frans Britzel en Cornelia Visser. Britzel stamde út in ûndernimmende famylje dy't wichtige funksjes krige yn 'e regio. Syn pake, Lucas Britzel, wie bygelyks boargemaster fan Wûnseradiel. Syn heit wie njonken fabrikant ek bestjoerslid fan de De Vereeniging tot pensioenverschaffing aan werklieden in Wonseradeel.
Oars as syn famylje woe Britzel boer wurde. Yn 1900 rûn er in jier staazje by in feehâlder yn Dearsum. In jier letter gie er nei Ljouwert om nei de lânbouskoalle te gean. Nei twa jier ferhuze Britzel nei Frederiksoard. Yn 1910 troude Britzel - dy't doe boer wie yn Usquert - mei Aukelina Westerhuis, in boeredochter.
Britzel wie al foarsitter fan de Grinzer Suvelferiening doe't er foarsitter waard fan de lanlike suvelorganisaasje FNZ (Federatieve Nederlandsche Zuivelbonden). Yn 1937 waard er beneamd ta boargemaster fan Usquert dêr't er Tammo Egge Welt opfolge. Yn oktober 1938 waard Britzel beneamd ta Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy wie ek Offisier yn de Oarder fan de Kroan fan Belgje.
Lucas Franciscus Britzel stoar yn de âldens fan 56 jier yn Usquert. Hy waard beïerdige op it algemiene begraafplak yn Usquert.
Kategory:Nederlânsk boer Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Frysk boer Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk politikus Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn Makkum Kategory:Persoan berne yn 1885 Kategory:Persoan stoarn yn 1942