De Perijástrûkgoars (Arremon perijanus) is in fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae).
Skaaimerken De Perijástrûkgoars is likernôch 19 sm lang. De skaaien hawwe itselde fearrekleed. Folwoeksen fûgels hawwe in swarte krún mei in grize streek yn 'e midden en in grize wynbraustreek dy't trochrint oant de nekke, en efter de eardekfearren en by de kant fan it boarst lâns giet. De rest fan it gesicht is swart. De boppekant, wjukken en de sturt binne oliifgrien. De kiel is wyt mei dêrûnder in smelle swarte bân. It midden fan it boarst en de bûk is wyt, fierder nei de siden ta, op de flanken en de ûndersturt binne se griisbrún. Se hawwe in kastanjebrún oant djip readbrún each, in swarte snaffel en swarteftige poaten.
Fersprieding en taksonomy De soarte komt foar op 'e eastlike hellingen fan 'e Andes yn it easten fan Kolombia en it westen fan Fenezuëla (yn 'e regio Zulia). Earder waard er beskôge as in ûndersoarte fan Arremon torquatus.
Status en bedriging De Perijástrûkgoars hat in lyts ferspriedingsgebiet, mar it oantal wurdt stabyl achte. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, LC).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla