De Amerikaanske toarnekster of Amerikaanske wurger (Lanius ludovicianus) is in fûgel yn 'e famylje wurgerfûgels yn it skift fan 'e moskeftigen, ien fan 'e twa soarten yn 'e famylje dy't yn Noard-Amearika foarkomme.

Skaaimerken De Amerikaanske toarnekster is in middelgrutte fûgel (18-22 sm) mei in middellange sturt. Hy liket tige op 'e noardlike toarnekster (Lanius borealis) (en ek op oare wurgers) mei in swart eachmasker, in grize boppekant, in ljochte ûnderkant, swarte wjukken mei wite flakken oan 'e hânbasis en in swarte sturt mei wite bûtenste sturtfearren. De Amerikaanske toarnekster is lykwols wat lytser mei in lytsere snaffel, in breder eachmasker en hat donkerder grize boppedielen.

Fersprieding en systematyk De Amerikaanske toarnekster wurdt opdield yn alve ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Lanius ludovicianus gambeli – westlik Noard-Amearika (fan súdwestlik Kanada oant súdwestlik Feriene Steaten), trekt nei westlik Meksiko. Lanius ludovicianus excubitorides – it gebiet fan 'e Great Plains yn Noard-Amearika; trekt nei súdlik Meksiko. Lanius ludovicianus migrans – eastlik Noard-Amearika (fan suidoastlik Kanada oant eastlik Teksas), trekt nei noardeastlik Meksiko. Lanius ludovicianus sonoriensis – drûch súdwestlik Feriene Steaten oant noardwestlik Meksiko (noardlik Durango en súdlik Sinaloa). Lanius ludovicianus anthonyi – noardlike Channel Islands (foar de kust fan súdlik Kalifornje). Lanius ludovicianus mearnsi – San Clemente Island (foar de kust fan súdlik Kalifornje). ± 13 fûgels yn it wyld yn 1999. Lanius ludovicianus grinnelli – súdlik Kalifornje (San Diego County) en noardlik Neder-Kalifornje (Baja California). Lanius ludovicianus nelsoni – súdlik Neder-Kalifornje (Baja California). Lanius ludovicianus ludovicianus – kustsône fan súdeastlik Feriene Steaten (fan Virginia oant Floarida). Lanius ludovicianus miamensis – súdlik Floarida. Lanius ludovicianus mexicanus – sintraal Meksiko (fan súdlik Tamaulipas en Nayarit oant Oaxaca).

De ûndersoarten sonoriensis en gambeli wurde faak tafoege oan excubitorides, nelsoni oan mexicanus en miamensis oan 'e nominaatfoarm.

As dwaalgast is er oantroffen yn Gûatemala, de Bahama's en de Turks- en Kaikoseilannen.

Hâlden en dragen De Amerikaanske toarnekster wurdt yn iepen lânskip mei koarte fegetaasje oantroffen, meastentiids ûnder de 2000 meter hichte. Hy wurdt sjoen op greiden en prêrjes mei hjir en dêr strûken, beammen en hagen. De fûgel libbet fan ynsekten lykas sprinkhoannen of krobben en lytse kjifdieren, lytse fûgels, amfibyen en reptilen. Hy briedt earder yn it jier as de measte moskeftigen, de aaien wurde tusken febrewaris en july lein.

Status en bedrigingen De Amerikaanske toarnekster hat in grut ferspriedingsgebiet en in wrâldpopulaasje fan neffens rûzing sa'n sân miljoen folwoeksen fûgels. Undersyk wiist lykwols út dat er relatyf sterk yn oantal ôfnimt, tusken 1966 en 2015 mei wol 76%. De Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN) kategorisearret him dêrom as gefoelich (Near Threatened, NT).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten