De Ibearyske toarnekster (Lanius meridionalis) is in fûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels wêrfan't de taksonomy in striidkwestje is.

Uterlik Mei in lichemslingte fan 23–25 sm is de Ibearyske toarnekster kwa grutte ferlykber mei de toarnekster, mooglik mei in wat gruttere kop, in lytsere snaffel en in smellere sturt. It fearrekleed is ferlykber mei dat fan alle oare leden fan it kompleks, mei swart-wite wjukken en sturt, grize boppedielen, in swart eachmasker en ljochte ûnderdielen. By de Ibearyske toarnekster binne de boppedielen lykwols folle donkerder griis en fertoane de ûnderdielen in grize tint op it boarst en de bûk. Boppe it swarte eachmasker is in dúdlike wite wynbraustreek te sjen, dy't faak trochrint oant oer de basis fan 'e snaffel. Lykas oare toarneksters hat de soarte in wyt plak op 'e wjukken. Sawol de sang as de rop lykje op dy fan 'e toarnekster, mar der is gjin ferlykjende analyse makke.

Fersprieding en systematyk De Ibearyske toarnekster komt foar yn Spanje, Portegal en it suden fan Frankryk. De fûgel heart ta it soartekompleks om de yn it noarden fan Jeropa] foarkommende toarnekster hinne, wêrfan't de soartegrinzen kontroversjeel west hawwe en noch hieltiten binne. Foarhinne waard de toarnekster as in wiidfersprate soarte yn Jeropa, Aazje, Noard-Afrika en Noard-Amearika beskôge. Nei't ûndersyk oantoande dat de populaasjes yn it noarden en suden net hybridisearje wêr't se inoar moetsje en dat se ek de foarkar jouwe oan ferskillende habitattypen, waard de toarnekster ferdield yn twa soarten: de Lanius excubitor mei in fersprieding yn Noard-Jeropa, Noard-Aazje en it noarden fan Noard-Amearika, en Lanius meridionalis, dy't op it Ibearysk skiereilân, yn Noard-Afrika en yn súdlike dielen fan Aazje foarkomt.

Letter DNA-ûndersyk wiisde lykwols út dat de toarnekster en de Ibearyske toarnekster net inoars neiste sibben binne. De Eastaziatyske en Noardamerikaanske toarneksters likegoed as de Ibearyske toarnekster binne dêrfoaroer nau besibbe oan 'e Amerikaanske toarnekster (Lanius ludovicianus).

Ekology De Ibearyske toarnekster briedt yn keale, iepen lânskippen mei fersprate beammen en strûken, op rotsige grûn of kalkrike heidefjilden. It is benammen in stânfûgel. Syn dieet bestiet út ynsekten en lytse reptielen. Lykas oare toarneksters bewarret er syn proai faak troch dizze oan toarnen of stikels te spytsjen.

Status en bedrigingen De Ibearyske toarnekster nimt relatyf fluch yn oantal ôf as gefolch fan yntinsive lânbou, it gebrûk fan pestisiden en oerbeweiding, wat laat hat ta oerwoekering. De Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN) beskôget de soarte as bedrige en kategorisearret de fûgel yn 'e kategory kwetsber (Vulnerable, VU). Yn 2015 waard de populaasje op sawat 372.000 oant 656.000 pearkes rûsd.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje