De gielsnaffelwurger (Lanius corvinus, synonym: Corvinella corvina) is in fûgel yn 'e famylje fan 'e wurgerfûgels yn it skift fan 'e moskeftigen.

Skaaimerken De gielsnaffelwurger is in grutte wurger mei in lange sturt. It fearrekleed is brunich streke, mei in ljochtere wynbraustreek en ûnderkant, in readbrún plak op 'e wjuk, in giele eachring en in frij krêftige, giele snaffel dy't de soarte syn namme jûn hat.

Fersprieding en systematyk De gielsnaffelwurger wurdt opdield yn fjouwer ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Lanius corvinus corvinus – komt foar fan súdlik Mauretaanje en Senegal oant Maly en noardwestlik Nigearia. Lanius corvinus togoensis – komt foar fan Guinee en Sierra Leöane oant súdlik Tsjaad en Sûdan (Darfur). Lanius corvinus caliginosa – komt foar yn it westen fan Súd-Sûdan. Lanius corvinus affinis – komt foar fan súdlik Súd-Sûdan oant it noardeastlikste diel fan 'e Demokratyske Republyk Kongo, noardlik Uganda en westlik Kenia.

De ûndersoarte caliginosa wurdt faak by affinis yndield.

Skaai-yndieling De gielsnaffelwurger waard foarhinne as iennige soarte yn it skaai Corvinella yndield. Hy wurdt lykwols hieltyd faker yn Lanius opnommen nei't út genetyske stúdzjes bliken die dat er binnen dat skaai ynbêde is.

Hâlden en dragen De gielsnaffelwurger libbet yn famyljegroepen en nomadyske kloften op drûge savannes en yn bosklânskippen. Hy wurdt faak waarnommen as er op in middelhege útsjochpost de omkriten obstrewearret op syk nei wringeleaze dieren en lytse sûchdieren.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN) kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De ûntwikkeling fan 'e populaasje is lykwols ûndúdlik.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda