De skatekster (Lanius collurio) is in fûgel út it skaai fan 'e wurgers yn 'e famylje fan 'e wurgerfûgels.

Skaaimerken thumb|left|Jonge fûgel De skatekster is sawat 16–18 sintimeter lang en weaget 22–47 gram. Hy hat in krêftige, bûge snaffel mei in heak. De sekse ferskilt yn kleur. Mantsjes binne goed te werkennen troch de grize kop, nekke en stút, de readbrune rêch en brede swarte eachstreken. De sturt is swart mei oan 'e basis wite rânen. Wyfkes ha brune boppedielen, in ljochtere griisbrune nekke en stút en donkere eachstreken. De ûnderkant is ljochtgriis en skobbich. Jonge fûgels lykje op de wyfkes, mar binne ek op 'e boppedielen skobbich tekene.

Fersprieding en systematyk De skatekster is in trekfûgel en is yn Jeropa te finen fan ein april oant septimber. Hy briedt yn grutte dielen fan Jeropa, noardlik oant Skotlân, Midden-Sweden en súdlik Finlân. Yn Súd-Jeropa ûntbrekt de fûgel op it grutste diel fan it Ibearysk skiereilân. Bûten Jeropa briedt de fûgel yn westlik Sibearje, fan it Oeralberchtme oant it Altai-berchtme en yn Foar-Aazje fan súdlik en eastlik Anatoalje oant noardwestlik en noardlik Iran en op 'e Krim. De skatekster oerwinteret yn eastlik en súdlik Afrika. De trekrûte giet oer Súdeast-Jeropa en Súdwest-Aazje.

Foarhinne waard de skatekster opdield yn ferskate ûndersoarten, mar wurdt no meastentiids as monotypysk beskôge.

Nederlân en Fryslân Rûchwei komme de measte fûgels fan 'e skatekster yn 'e eastlike helte fan Nederlân foar. De fûgel briedt yn 'e heide- en feangebieten en yn in lytsskalich agrarysk lânskip mei hagen en beammen. Yn 'e jierren 1980 ferdwûn de fûgel yn' e dúngebieten en op 'e Waadeilannen, mar sûnt 2010 briede dêr wer fûgels. Oant it begjin fan 'e 20e iuw telde de Nederlânske briedpopulaasje nei alle gedachten in pear tûzen pearkes, mar nei 1950 begûnen de oantallen rap te sakjen. In djiptepunt wie yn 1985 doe't der noch mar 100 pearkes wiene yn it Drintske Bargerfean. Sûnt binne de oantallen wer tanommen troch foar de fûgel geunstige drûge simmers en terreinbehear oant krapoan 1000 pearkes (2024). Yn Fryslân wurde de measte skateksters yn it súdeasten en it Lauwersmargebiet oantroffen.

Ekology De skatekster libbet yn iepen lânskippen mei strûken, hagen, beammen en boskrânen mei in soad ynsekten. Hy jout de foarkar oan toarnige strûken (bygelyks hagtôrn en slachstôrn), benammen oan de ein fan in hage. It iten bestiet út grutte ynsekten, en minder faak út lytse wringedieren, soms lytse mûskes, lytse hagedissen, kikkerts of jonge fûgels.

Hy sit opfallend op in útsjochtpost de omjouwing te obstrewearjen nei proaien. As er wat foar syn gading sjocht sjit er as in spear nei de grûn en nimt dy mei werom nei de útsjochpost en spytst dy op in toarn of by need op stikeltried, sadat er ek te iten hat op dagen mei in min oanbod. Dielen dy't min te fertarren binne wurde as braakboltsjes wer útspuid.

Hâlden en dragen De briedtiid begjint yn maaie en der is mar ien lechsel yn it jier. As in lechsel ferlern giet, kin der noch in twadde briedtiid oant yn july komme. De skatekster bout syn nêst yn tichte strûken of beammen, en kiest benammen toarnich hout. It nêst is skaalfoarmich en wurdt troch beide partners boud fan planten, tinne tûken en moas en wurdt fan binnen mei fearren beklaaid. thumb|left|Aaien. It wyfke leit fjouwer oant sân sawat 23 millimeter grutte aaien fan ferskate kleuren, brúngiele, gielwite, grien- of readeftige, mei brune of grize plakken. De aaien wurde troch it wyfke sawat twa wiken bebret. Al nei twa wiken ferlitte de jonge fûgels it nêst, mar bliuwe noch in pear wiken by de âlden.

De skatekster is nei ien jier geslachtsryp en wurdt likernôch seis jier âld.

Status De skatekster hat in grut ferspriedingsgebiet en oannommen wurdt dat de populaasjetrend stabyl is. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op tusken 21,9 en 34,7 miljoen folwoeksen fûgels.

Opfallende biotoopferliezen hawwe lykwols plakfûn oan 'e noardlike grinzen fan it ferspriedingsgebiet fan 'e soarte, wat de populaasjes dêre negatyf beynfloede hat. Op de Britske Eilannen bygelyks is de skatekster gjin fêste briedfûgel mear. De oarsaken fan 'e tebekgong, dy't yn hiel Jeropa plakfûn hat, binne foar in diel de feroaring fan 'e lânskipsstruktuer feroarsake troch bygelyks it romjen fan hagen en beamgroepen by ikkers, en it gebrûk fan bestridingsmiddels yn 'e lânbou.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda