In toarne of toarn is yn 'e botany in skerp, puntich diel fan in plant. It sit oan 'e stâle yn it plak fan in blêd (lykas by de ûnderskate soarten berberis), of yn it plak fan in tûke (lykas by de hagedoarn). Yn 'e botany wurdt dêrom ûnderskie makke tusken in blêdtoarne en in tûktoarne. By beide foarmen binne de toarnen ferbûn mei it ynwindige fan 'e stâle, en sadwaande befetsje se altyd faskulêr weefsel.
Dêrmei ûnderskiede toarnen har fan stikels. Dat binne ek skerpe, puntige útsteksels oan 'e stâlen fan planten, mar stikels groeie út 'e opperhûd fan planten en steane net yn ferbân mei it ynwindige fan 'e stâle.
Kategory:Plantemorfology