De foerazjearmûs (wittenskiplike namme: Peromyscus spicilegus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini) en it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus). Dit bistke komt foar yn westlik Meksiko. It is in nachtdier mei in nei alle gedachten omnivoar dieet. De IUCN klassifisearret de foerazjearmûs as net bedrige.
Taksonomy De foerazjearmûs waard foar it earst yn 1897 wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske soölooch Joel Asaph Allen. It bistke waard foarhinne wol oansjoen foar in ûndersoarte fan 'e strewelmûs (Peromyscus boylii), mar genietet sûnt de lêste desennia fan 'e tweintichste iuw in algemiene erkenning as selsstannige soarte. Binnen it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus) heart de foerazjearmûs ta de aztecus-kloft, wat op in nauwe sibskip mei de Azteekske mûs (Peromyscus aztecus) tsjut.
Fersprieding De foerazjearmûs is endemysk yn Meksiko. It ferspriedingsgebiet fan dit bistke leit yn 'e bergen fan 'e Westlike Sierra Madre, en rint fan it súdeasten fan 'e steat Sonoara en it súdwesten fan Chihuahua yn in langrutsen stripe nei it suden ta oant yn Colima en westlik Michoacán.
Uterlike skaaimerken De foerazjearmûs is in middelgrutte wytpoatmûs. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 10,3 sm, mei in sturtlingte fan likernôch 10,0 sm en in gewicht fan 22–36 g. De earkes mjitte 1,8 sm en de efterpoaten hawwe in lingte fan 2,2 sm. (Foarneamde mjitten binne it gemiddelde oer 441 opmetten yndividuën.)
De pels op 'e boppeste lichemsdielen (kop, nekke, rêch en siden) is taan fan kleur, útskaaiend nei readoker of rodzich. Der sitte hierren mei dûnkerbrune úteinen trochhinne en oer de wringe rint in dizenige dûnkerbrune streek. De ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, boarst, bealch en poaten) binne krêm oant wyt oan it oerflak, mei in grize kleur djipper yn 'e pels. De sturt is twakleurich: brún útskaaiend nei swart fan boppen en wyt fan ûnderen.
De foerazjearmûs kin ûnderskaat wurde fan 'e yn itselde gebiet foarkommende strewelmûs (Peromyscus boylii) troch de hoekigere ynterorbitale regio (it part fan 'e plasse tusken de eagen yn), dy't by de strewelmûs in sânrinnerfoarm hat.
Biotoop Foerazjearmûzen libje op in hichte fan 15–1.480 m boppe seenivo. Se jouwe de foarkar oan rotsige heuvelskeanten, kleauwen en kriten mei omfallen beammen en rotsblokken, mar se komme ek foar op flakten mei toarnich strewelleguod, yn tropysk reinwâld en yn bosk besteande út dinnen en iken.
Hâlden en dragen Oer it hâlden en dragen fan 'e foerazjearmûs is noch net safolle bekend. Saakkundigen nimme oan, op basis fan gedrachspatroanen fan oare, nau besibbe wytpoatmûzen, dat it in nachtdier is, dat de oeren fan deiljocht trochbringt yn syn nêst. Dat makket er yn in rotsspjalt, ûnder in omfallen beam of ûnder de grûn. Oer it territoarium en de sosjale organisaasje fan dit bist is gjin ynformaasje beskikber.
It dieet is nei alle gedachten omnivoar en sil bestean út plantaardich materiaal, benammen sieden, fruchten en nuten, oanfolle mei wringeleas dierte lykas ynsekten en spinnen.
Foerazjearmûzen hawwe gjin spesifike peartiid, mar kinne har ynstee it hiele jier rûn fuortplantsje. Mantsjes mei opsette testikels (wat wiist op pearingsaktiviteit) binne fongen yn jannewaris, maart, septimber en oktober, drachtige wyfkes yn augustus en oktober en melke wyfkes yn jannewaris, septimber, oktober en novimber. De grutte fan 'e smeet wie, by de beide wyfkes dêr't soks by waarnommen is, 3 jongen.
Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e foerazjearmûs binne slangen, ûlen lykas de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus) en de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata), en martereftigen lykas de langsturtwezeling (Neogale frenata). Oare rôfdieren by wa't de foerazjearmûs op it menu stiet, binne: it Amerikaansk bargesnútstjonkdier (Conepatus leuconotus), de Noardamerikaanske katfret (Bassariscus astutus), de prêrjewolf (Canis latrans), de grize foks (Urocyon cinereoargenteus), de reade lynks (Lynx rufus) en de ferwyldere en nuete kat (Felis catus).
Status De foerazjearmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn oansjenlike ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Der bestiet lykwols in negative populaasjetrend: yn 'e tsien jier fan 2006–2016 naam de populaasje nei skatting mei 4% ôf. De oarsaak dêrfan waard foarme troch feroarings oan it lânskip troch de útwreiding fan minsklike aktiviteiten.
Undersoarten De foerazjearmûs is in monotypyske soarte, wat ynhâldt dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Wytpoatmûs Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko