De eksterwurger (Lanius melanoleucus, synonym Urolestes melanoleucus) is in Afrikaanske fûgel yn 'e famylje fan 'e wurgerfûgels yn it skift fan 'e moskeftigen.

Uterlik en lûd thumb|left|Fûgel yn Tanzania De eksterwurger is in tige grutte (40-50 sm) wurger. De fûgel is foar it grutste part swart mei in lange swarte sturt. Hy hat lykwols in kontrastearjende wite wjukbân dy't foarme wurdt troch de primêre dekfearren. Ek de skouders en de stút binne wyt. It wyfke hat blekere flanken en in koartere sturt, wylst de jonge fûgel mat swartbrún is. De populaasje yn East-Afrika (aequatorialis) hat ek in koartere sturt by it mantsje. De eksterwurger hat de langste sturt fan alle wurgers.

Fersprieding en systematyk De eksterwurger wurdt opdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Urolestes melanoleucus aequatorialis – East-Afrika noardlik fan 'e Sambezy noardlik oant Kenia. Urolestes melanoleucus expressa – súdeastlik Simbabwe oant noardeastlik Súd-Afrika (Mpumalanga en noardeastlik KwaZulu-Natal), eastlik Swazylân en súdlik Mozambyk. Urolestes melanoleucus melanoleuca (ynklusyf angolensis) – Afrika súdlik fan 'e Sambezy oant eastlik Angoala en Noardsintraal-Súd-Afrika.

It habitat bestiet út drûge savannes, gerslân en iepen bosken.

Skaai-yndieling Hy wurdt lykwols hieltyd faker yn it Lanius opnommen nei't út genetyske stúdzjes bliken die dat er binnen dat skaai ynbêde is, ûnder mear troch de foaroansteande Clements et al. Dat wurdt ek hjir folge.

Hâlden en dragen De eksterwurger waard foarhinne faak as iennige soarte yn it skaai Urolestes pleatst. Se jeie yn lytse groepkes fan 3 oant 10 fûgels. It iten bestiet foar it grutste part út lidpoatigen, wêrûnder termiten, mychhimmels, sprinkhoannen en bidsprinkhoannen. De briedtiid falt meastentiids tegearre mei d4e reintiid.

Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Der wurdt lykwols tocht dat de oantallen ôfnimme, nei alle gedachten troch habitatferneatiging. Hy nimt lykwols net sa slim ôf dat er as bedrige beskôge wurdt. De Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar hy wurdt omskreaun as seldsum oant lokaal gewoan.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania