Minas Gerais (ôfkoarting MG) is in dielsteat yn 'e regio Súdeast fan Brazylje. De haadstêd is Belo Horizonte. De bewenners wurde Mineiros neamd.
Minas Gerais is ien fan 'e 27 dielsteaten fan it lân en wat oerflak oanbelanget de op trije nei grutste dielsteat. De steat grinzget yn it suden en súdwesten oan São Paulo, yn it westen oan Mato Grosso do Sul, yn it noardwesten oan Goiás en it Distrito Federal do Brasil, yn it noardeasten oan Bahia, yn it easten oan Espírito Santo en yn it súdeasten oan Rio de Janeiro. Minas Gerais is yn 853 gemeenten ûnderferdield, it grutste oantal fan alle Brazyljaanske dielsteaten
De namme betsjut oerset "Algemiene Minen" en ferwiist nei de gebieten dêr't grutte hoemannichten mineralen en goud fûn wurde. Yn 'e 18e iuw waard it gebiet allinnich as Minas oantsjut en faak wurdt de dielsteat ek allinnich sa neamd. Yn it jier 1710 waard it Kapteinskip São Paulo e Minas de Ouro stifte, dêr't yn 1720 it Kapteinskip Minas Gerais út ûntstie.
De skiednis fan Minas Gerais Prehistoarje en lânseigen folken thumb|left|De plasse fan Luzia De regio fan Minas Gerais waard al 11.400 oant 12.000 jier lyn bewenne. Dat docht bliken út de fynst fan Luzia yn 1974 yn Lapa Vermelha, it âldste minsklike fossyl dat yn 'e Amearika's fûn is. Hoewol't earst tocht waard dat Luzia en har folk Australoïde skaaimerken hiene, hat DNA-ûndersyk oantoand dat dit prehistoaryske folk folslein Ameryndiaansk DNA hie en ôfstamde fan groepen dy't troch Noard-Amearika nei Súd-Amearika migrearren.
Om 4.000 jier lyn hinne begûn de ferbou fan gewaaksen lykas mais en om 2.000 jier lyn waard der keramyk makke. Doe't de Portegezen oankamen, wennen der mear as hûndert lânseigen groepen yn it gebiet, lykas de Botocudos, Kiriris, Xakriabás, Cataguás, Kayapos, Araxás, Puri en Bororós. Troch de slavehannel fan 'e bandeirantes en it útrûgjen fan opstannige groepen rûn de lânseigen befolking slim tebek. Lang om let bleaune der mar fiif groepen oer: de Xakriabás, Krenaks, Maxakalis, Pataxós en Pankararus.
Koloniale tiid, de goudkoarts en barok De earste Jeropeeske ekspedysjes fûnen plak tusken 1553 en 1555 ûnder lieding fan 'e Spanjerts Francisco Bruza Espinosa en Juan de Azpilcueta Navarro. Ein 16e iuw krongen bandeirantes it gebiet yn op syk nei goud, ealstiennen en om lânseigen minsken as slaven finzen te nimmen. Yn 'e jierren 1692–1693 waard it earste goud fûn troch Antônio Rodrigues Arzão, wat folge waard troch fierdere fynsten en it ûntstean fan 'e earste delsettingen lykas Mariana en Vila Rica (it hjoeddeiske Ouro Preto). thumb|left|De goudkoarts yn Minas Gerais It nijs oer it goud soarge foar in massale goudkoarts. Dit late ta spanningen tusken de kolonisten út São Paulo en de nijkommers (emboabas), wat yn 1707–1709 útrûn op 'e Emboabasoarloggen. Nei dit konflikt waard yn 1720 it selsstannige Kapteinskip Minas Gerais oprjochte mei Mariana (en letter Vila Rica) as haadstêd. De Portegeeske kroan fierde in strange belesting yn fan 20% op 'e hiele goudproduksje (de quinto). Yn 'e jierren 1720 waarden yn 'e Jequitinhonha-delling ek diamanten fûn, benammen om Arraial do Tijuco hinne (it hjoeddeiske Diamantina).
De goud- en diamanterykdom brocht in ûnbidige migraasje fan minsken op gong en stimulearre de ymport fan Afrikaanske slave-arbeiders. Mear as 120 quilombos (mienskippen fan flechte slaven) ûntstiene yn 'e 18e iuw. De mynbourykdom soarge ek foar in kulturele bloei yn 'e foarm fan in eigen barokstyl yn 'e keunst, arsjitektuer (mei foaroansteande figueren lykas Aleijadinho en Mestre Ataíde) en muzyk.
De Inconfidência Mineira en politike rol thumb|left|De flagge fan 'e gearspanners (Carlos Oswald) Troch de swiere belestingen op 'e mynbou brutsen der meardere opstannen út. De meast ferneamde wie de Inconfidência Mineira yn 1789, in gearspanning fan yntellektuelen en jonge ofsiers dy't ynspirearre wienen troch de Ferljochting. De opstân mislearre en in soad rebellen waarden oppakt en ferballe. De meast bekende fan harren, Joaquim José da Silva Xavier (Tiradentes) waard yn opdracht fan keninginne Marije I fan Portegal ophongen. Hy waard letter in nasjonale martelder. De flagge fan Minas Gerais – in reade trijehoeke op in wite eftergrûn mei de Latynske spreuk Libertas quæ sera tamen ("frijheid, ek al is it let") – is basearre op it ûntwurp foar de nasjonale flagge sa't de rebellen dy útstelden.
Troch de goudrykdom ferhûze it ekonomyske swiertepunt fan it lân fan it noardeasten nei it súdeasten fan Brazylje. Rio de Janeiro waard in wichtige havenstêd. Ek polityk bleau Minas Gerais in grutte rol spyljen: yn it Keizerryk Brazylje, yn 'e Eardere Republyk en troch wichtige 20e-iuwske presidinten lykas Juscelino Kubitschek (bouwer fan Brasília) en Tancredo Neves.
Geografy fan Minas Gerais thumb|left|Mineralen út Minas Gerais Minas Gerais hat guon fan 'e langste rivieren fan Brazylje, wêrûnder de São Francisco, de Paraná en de Doce. De steat hat ferskillende wetterkrêftsintrales en grutte foarrieden izererts, goud en ealstiennen lykas smaragd, topaas en akwamaryn. Yn it suden lizze de heechste berchtmes fan it lân, lykas de Serra da Mantiqueira. De Pico da Bandeira op 'e grins mei Espírito Santo is mei 2.890 meter de op twa nei heechste berch fan Brazylje. Elke regio hat in eigen karakter: thumb|260px|It Mantiqueiraberchtme It sintrum en easten is heuveleftich en rotseftich mei karstdellingen en grotmarren om Lagoa Santa en Sete Lagoas hinne. Yn it Vale do Aço (Stielduis) lizze grutte izer- en stielferwurkjende bedriuwen oan 'e Doce-rivier, mei stêden lykas Ipatinga, Coronel Fabriciano en Timóteo. It suden is heuveleftich en grien, dêr't kofje en molke produsearre wurde. Dit gebiet is kâlder as de rest fan 'e steat en kin yn de winter lichte froast hawwe. De regio stiet ek bekend om har mineraalwetter-kueroarden (lykas Poços de Caldas, Lambari, São Lourenço en Caxambu) en yndustry yn Varginha en Pouso Alegre. Yn it súdeasten (Zona da Mata) is Juiz de Fora de grutste stêd en in wichtich yndustrieel, kultureel en edukatyf sintrum. Dêrnjonken foarmje lytsere stêden (lykas Manhuaçu, Viçosa, Leopoldina en Muriaé) in sterke ekonomy basearre op lânbou, tekstyl en mineralen. De wichtichste kofjeregio leit om São João do Manhuaçu hinne. It westen (Triângulo Mineiro) bestiet út savanne, dy't hjir bekend stiet as de cerrado. Hjir binne grutte feebedriuwen, kofjeplantaazjes en sûnt de jierren 1990 ek grutte soja- en maisbedriuwen. De wichtichste stêden binne Uberlândia, Uberaba, Patos de Minas en Araguari. It noarden makket diel út fan it drûge sertão en hat faak te krijen mei drûchte. De São Francisco-rivier wurdt troch bewetteringsprojekten brûkt foar de lânbou. De eardere diamantminen (ûnder oare yn Diamantina) binne hjoed-de-dei útput, en foaral yn 'e Jequitinhonha-delling libbet de befolking yn earme omstannichheden. De regio stiet wol bekend om syn kwaliteitscachaça (benammen út Salinas). De grutste stêden binne Montes Claros, Teófilo Otoni, Pirapora en Janaúba.
Befolking + Befolkingsûntwikkeling Minas Gerais (1872–2022) Jier 1872 1890 1900 1920 1940 1950 1960 Ynwennertal 2.039.735 3.184.099 3.594.471 5.888.174 6.763.368 7.782.188 9.960.040 Groei — +56,1% +12,9% +63,8% +14,9% +15,1% +28,0% Jier 1970 1980 1991 2000 2010 2022 Ynwennertal 11.645.095 13.651.852 15.731.961 17.905.134 19.597.330 20.539.989 Groei +16,9% +17,2% +15,2% +13,8% +9,5% +4,8%
Wichtichste stêden thumb|260px|Belo Horizonte + De grutste stêden fan Minas Gerais (2022) Stêd Ynwenners Stêd Ynwenners 20px|border|Belo Horizonte Belo Horizonte 2.315.560 20px|border|Montes Claros Montes Claros 414.240 20px|border|Uberlândia Uberlândia 713.232 20px|border|Ribeirão das Neves Ribeirão das Neves 329.794 20px|border|Contagem Contagem 621.863 20px|border|Uberaba Uberaba 337.846 20px|border|Juiz de Fora Juiz de Fora 540.756 20px|border|Governador Valadares Governador Valadares 257.172 20px|border|Betim Betim 411.846 20px|border|Ipatinga Ipatinga 227.731 Boarne: IBGE - Censo 2022
Etnisiteit Neffens de meast resinte PNAD-folkstelling (2022) is de etnyske ferdieling yn Minas Gerais as folget:
Mingde komôf: 46,8% (9.605.151) Blank: 41,1% (8.437.697) Swart: 11,8% (2.432.877) Lânseigen (Ameryndiaansk): 0,2% (31.885) Aziatysk: 0,2% (31.681)
De meast foarkommende befolkingsgroepen binne Yndianen, Portegezen, Afrikanen, Italianen, Dútsers en Libanezen. Yn it suden wenje meast minsken fan Jeropeeske komôf. Yn Córrego do Bom Jesus is bygelyks 98,7% fan 'e befolking blank. Dat komt troch de grutte ynstream fan Portegeeske boeren yn 'e koloniale tiid en Italjaanske ymmigranten oan 'e ein fan 'e 19e iuw. Yn it noarden is in grut part fan 'e befolking fan mingde komôf (71,8%) en is 14,7% swart. Om 'e haadstêd Belo Horizonte binne de ferhâldingen tusken minsken fan blanke, swarte en mingde komôf mear yn lykwicht.
Religy Neffens de folkstelling fan 2010 is de mearderheid fan 'e befolking (70,4%) roomsk-katolyk. Op it plattelân en mear ynlânsk bliuwt de Roomsk-Katolike Tjserke ynfloedryk, ek al nimt it oantal katoliken stadichoan ôf. Troch parochyfeesten bliuwt de katolike tradysje lykwols sterk. It protestantisme makke de lêste tiid in grutte groei mei en fertsjintwurdiget no 20,2% fan 'e befolking. De grutste tsjerken binne de Assembleias de Deus (mei mear as 700.000 leden), de Baptisten (mei mear as 500.000 leden) en de Foursquare Church (hast 350.000 leden). Likernôch 2,1% fan 'e befolking hinget it spiritisme oan. In bekende foarfechter fan it spiritisme yn Brazylje wie it yn Minas Gerais berne medium Chico Xavier (1910-2002). Likernôch 7,3% hinget oare religy's oan of hat gjin religy.
Toerisme en natuer thumb|left|Ouro Preto In wichtige rûte foar toeristen is de Estrada Real, de âlde ferfierswei foar goud nei Rio de Janeiro en Parati. Histoaryske stêden mei harren koloniale gebouwen en musea lûke in protte besikers; benammen Ouro Preto is it neamen wurdich troch it Museu da Inconfidência. Yn it sintrum leit ek it museum Inhotim, mei ien fan de grutste kolleksjes hjoeddeistige keunst fan it lân.
De bergen, piken, grottekompleksen, rivieren, marren en de rike floara en fauna lûke aventoersikers en ekotoeristen. Minas Gerais is boppedat ien fan 'e wichtichste steaten foar plattelânstoerisme en herberget nasjonale parken lykas Serra do Cipó.
Yn it suden leit it Circuito das Águas, ferneamd om syn mineraalwetter en spa's. Stêden lykas São Lourenço en Poços de Caldas binne bekende kueroarden mei waarme boarnen en termyske baden.
Troch grutte ynternasjonale eveneminten is ek it saketoerisme yn opkoimst. Dêrby spilet de haadstêd in grutte rol troch de ynfrastruktuer en it netwurk fan hotels.
Wrâlderfgoed thumb|260px|Diamantina thumb|260px|Sint-Fransiskustsjerke, Pampulha + UNESCO-Wrâlderfgoed yn Minas Gerais Lokaasje Jier Omskriuwing Histoarysk sintrum fan Ouro Preto 1980 In goed bewarre koloniale goudstêd mei barokke arsjitektuer en keunstwurken fan Aleijadinho. Congonhas 1985 Bekend om de barokke beafeartstsjerke fan Bom Jesus do Matosinhos en de ferneamde Bybelske bylden fan 'e tolve profeten. Histoarysk sintrum fan Diamantina 1999 In koloniale diamantsintrum mei 18e-iuwske arsjitektuer en in ryk kultureel erfgoed. Modern ensemble fan Pampulha 2016 In stedsplanningsprojekt yn Belo Horizonte, ûntwurpen troch Oscar Niemeyer yn gearwurking mei oare moderne keunstners.
Nasjonale parken thumb|260px|Floara Nasjonaal Park Caparaó thumb|260px|Nasjonaal Park Grande Sertão Veredas