Langeveen (Nedersaksysk: Langeven of t Langnven) is in doarp yn 'e Twintske gemeente Tubbergen yn 'e provinsje Oerisel. It leit sa'n fjouwer kilometer benoarden Geesteren, yn it meast noardwestlike part fan 'e gemeente Tubbergen, tichteby de grins mei Dútslân. it leit ek tichteby Bruinehaar.
Langeveen hat ynwenners (). De roomsk-katolike parochytsjerke fan it doarp is wijd oan 'e hillige Pankratius.
Skiednis Foar de 19e iuw bestie it gebiet benammen út in grut heechfeanmoeras. Yn 'e rin fan 'e 19e iuw waard der útein set mei it ôfgraven fan it fean foar de turfwinning. De earste ynwenners wiene feanarbeiders en lytse boerkes. Fanwegen de turfwinning krigen de ynwenners fan Langeveen al gau de bynamme Törftrappers (turftrapers). Nei't it fean ôfgroeven wie, waarden de frijkommen grûn yn kultuer brocht en omfoarme ta lânbougrûn.
Geology By Langeveen leit in fluvioglasiële teiwetterrêch dy't yn it Saalien foarme is, likernôch 150.000 jier tebek. Under it lâniis lei hjir doe in teiwettertunnel dêr't grindryk sân yn ôfset waard. Nei it ranen fan 'e iiskap bleau dy efter yn it lânskip.
De teiwetterrêch is foar in part ferdwûn troch eroazje, jongere sediminten, ôfgravingen of bebouwing, mar resten bin noch as hichteferskillen en koppen yn it lânskip waar te nimmen. Yn 'e ûndergrûn is it systeem noch min ofte mear oaniensletten. Ferstowing troch de wyn ha letter op 'e oergong fan it hegere en drûgere nei it legere en fochtiger terrein in deksânrêch foarme.
De teiwetterrêch by Langeveen is in unyk geologysk ferskynsel yn Nederlân en as relikt út it Saalien tige seldsum yn Europa.Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed
Kategory:Plak yn Tubbergen Kategory:Gemeente yn Oerisel