Oostwold (Nederlânsk en Grinslânsk) is in doarp yn de gemeente Westerkertier, yn de Nederlânske provinsje Grinslân. It doarp telt 686 ynwenners (1 jannewaris 2026).
It doarp leit westlik fan Grins, noardeastlik fan De Like en súdeastlik fan Súdhorn. Yn Grinslân binne noch in Oostwold noardlik fan Wynskoat en in Oostwold súdeastlik fan Siddebuorren.
Skiednis
Namme De doarpsnamme "Oostwold" komt yn 1449 foar yn dizze foarm yn in stik oangeande de fiskrjochten op de Lykstermar. Oare fermeldingen binne: Oestwolde (1458), Antique Ostwald (1475), Oesterwolt (1486), Antiqua Ostwalt (1501), Oesterwold (1514), Oestwoldt (1540), Oistwolde (1570 - 1575), Oostwolt (1579), Oostwolde (1616), Oostwold (1781). De namme tsjut op de eastlike lizzing fan in moerasbosk (wold).
Untstean en ûntwikkeling It doarp is ûntstien op deselde deksânrêch as Mearum, Nuis, Niebert, Tolbert, Midwolde en Lettelbert. De deksânrêch rint fan De Haar oant Oostwold. Op'e hichte fan Oostwold wurdt de sânrêch omjûn troch fean. Yn de midsiuwen wurde it fean súdlik fan Oostwold en Lettelbert ûntginne, hjirtroch ûntsie ek boaiumdelgong yn it gebiet. Op dizze wize is de Lykstermar ûntstien.
Oostwold foarmet tegearre mei de doarpen Tolbert, Midwolde, Lettelbert en Lagemeeden de gritenij Easterdiel Fredewâld. It karspel Oostwold sil krekt as dy fan Lettelbert betiid ôfsplitst wêze fan dy fan Midwolde, mooglik yn de 13e of 14e iuw. De himrik strekke him út fan de Lykstermar oant de Westerdyk tusken Enumatil en Den Horn. Yn de parochy Oostwold stie ek in kapel, dy't yn Enumatil stie. It karspel Lagemeeden is warskynlik yn de 14e iuw fanút Oostwold stichte. Sa wurde Lagemeenden yn 1473 neame as Pratis Oostwold alias Meden (yn de greiden fan Oostwold, alias Meden). Op it plak fan Lagemeenden besiet it kleaster fan Aduard in tichelwurk. Hjir wurde neffens de abtenkroniek yn de 14e iuw in oan Marije wijde kapel stichte en yn dizze kapel wurde in relikwy oanbrocht fan Margareta fan Antiochje. Dizze kapel groeide út ta in tsjerke en splitste him ôf fan Oostwold.
Kleaster en eallju Oarspronklik wie in grut diel fan it grûngebiet fan it karspel Oostwold yn hanne fan it kleaster Aduard. Blidens rekkens út 1595 wien 350 greiden yn eigendom fan dit kleaster. De rjochten dy't it kleaster ta de Reformaasje hie yn de kollaasje fan Oostwold wurden letter troch de Deputearre Steaten ferkocht út jildneed. Op dizze manier kamen de kollaasjerjochten yn it besit fan de eallju en reginten, sa as Herman de Sighers fan de Hanckemaborg yn Súdhorn, Rempt de Mepsche en de widdo fan de Grinzer boargemaster Van Nieveen. Toch bleaun de pleatslike eigenierde oant op sekere hichte wol ynspraak hâlden. Letter hie Nienoard de steande kollaasje yn hannen en besiet it in hearebank yn de tsjerke. Yn 1908 skinke Johan Æmilius Abraham van Panhuys de rjochten fan Nienoard oan de tsjerkefâd fan Oostwold. De lêtste rjochten wurden yn 1910 oankocht.
Meardere regintenfamyljes hien besit yn Oostwold. Sa kocht de Grinzer regint Scato Gockinga te Oostwold in pleats dy bekend soe komme te stean as de Gockingaheerd. Fierder hienen de famyljes Von Innhausen und Kniphausen fan Nienoard en Geertsema fan de boarch Noardwyk yn Noardhorn lannen rûn it doarp. Foartendaliks súdeastlik fan Oostwold stie eartiidsk it hûs Hoogema. Hoewol dit hûs krekt oer de grins yn it Drintske Roanerwâlde befûn, lei in diel fan de lanne fan Hoogema yn Oostwold.
De Gave Wichtich foar de ûntwikkeling fan it doarp wie it rivierke De Gave. Dit rivierke ûntsprong ticht by de buorskip Traan noardlik fan Midwolde en kruse de Lettelberterdjip. It diel fan De Gave tusken De Poffert en Oostwold wurde troch de mûntsen fan it kleaster fan Aduard brûkt om nei hun foarwurk yn Terheijl te gean. Hjir nei ta wurde de Munnikesleat groeven om fia de Lykstermar yn Nietap te kommen. De Gave makke ek diel út fan de farwei tusken Fryslân en Grins, mar rekke letter út gebrûk. Yn 1655 - 1656 kaam nammentlik it stik Hoendjip tusken Enumatil en De Poffert ôf. Op de hoeke fan De Gave en de Hoendjip wurde yn 1884 skipswerf de Spitse Horn stichte.
Kearn Fan kearnfoarming wie yn Oostwold earst gjin sprake. Oostwold hat in mienskiplike bewenningsas mei Tolbert, Midwolde en Lettelbert. Yn 1861 wurde de dyk fan Midwolde nei De Poffert oanlein. Dizze dyk makket diel út fan de ferbining Grins-It Hearrenfean. De Ericalaan wurde yn 1930 oanlein tusken de Munnikesleat en de tsjerke. Yn 1960 wurde de A7 súdlik fan it doarp oanlein. Troch de oanlis fan de A7 hat Oostwold in bytsje oan himrik ynleverje matten. Yn 1980 wurde de Borglaan fernijt, oarspronklik in reed mei arbeiderswenten nei de Fresiahoeve út 1904.
Buorskippen Neffens it skoalmasterrapport út 1828 koe Oostwold noch in pear buorskippen. Sa foarmden de pleatsen eastlik fan de Munnikesleat tegearre de buorskip "Klein Oostwold" of "Lutje Oostwold". De buorskip "Groef" of "De Groeve" bestie út in oantal pleatsen súdlik fan de A7 en eastlik fan Lettelbert. right|thumb| Eardere direkteurswente út 1915.
Erica II Yn 1914 wurde yn Oostwold ierdappelmoalfabryk "De Drie Provinciën" oprjochte. Dêr foar wurden fyftjin arbeiderswenten bouwt lâns de Munnikesleat. Dizze fabryk wurde yn 1926 sletten. Dit hie te meitsjen mei in gebrek oan oanfoer, ierdappels wurden net in soart ferbouwe yn it súden fan Westerkertier. Yn 1928 wurde strokartonfabryk "Erica II"oprjochte wêrta dat de fabryk fan de "De Drie Provinciën" ombouwt wurde. "Erica II" wie underdiel fan de N.V. Erica yn Oude Pekela. Yn 1967 wurde de fabryk tiidlik stil lein troch in gebrek oan strie. Yn 1970 wurde besluten om de fabryk te sluten. De produksje fan "Erica II" wurde begjin 1971 definityf stillein. Yn 1972 is d'r noch sprake fan west om in fersinkerij te fêstigjen om it eardere terrein fan de striekartonfabryk. Dit plan wurde ôfblaze. Nei in oantal jierren fan leechstân wurden de gebouwen yn 1978 sloopt mei eksplosyf. In loads fan de fabryk en de dirikteurswenning bleaun stean. Nei de fabryk is yn Oostwold de Ericalaan ferneame. thumb| De eardere herfoarme tsjerke fan Oostwold út 1908 mei de toer oan 'e eastkant. Sûnt 2008 tsjinnet it gebou as atelier.
Tsjerke De tsjerke fan Oostwold wurde bouwt yn 1908 om syn midsiuwske foargonger te ferfangen. De byhearrende sealdaktoer wie yn 1828 al ôfbrutsen. Dizze foargonger wie wijde oan Margareta fan Antiochje. Hoewol dizze foargonger rûn 1400 datearre wurdt, soe dizze tsjerke op basis fan bewarre tekeningen fan foar 1300 datearre kinne. De hjoeddeiske tsjerke is ûntworpen troch H.J. Meek fan Tolbert en is diels bouwt op de fundearring fan de eardere tsjerke. Dit gebouw hat yn de noard- en súdmuorre trije spitbôgefernsters. Oan de eastkant stiet de heal ynbouwde toer. Dat dizze toer net nei it westen stiet, is warskynlik te witen oan de útwreiding fan it doarp oan dizze side. Dizze toer en eastmuorre wurde siere mei in boogfries. It tsjerkegebou wurde yn 1973 oanmerke as ryksmonumint op basis fan in preekstoel út de 16e iuw. Yn 1954 wurde in kombinaasje oangien mei de tsjerklike gemeente fan Lettelbert. Dêrnei wurde de gemeente definityf gearfoege mei Hooge- en Lagemeeden yn 1971. Yn itselfde jier wurde in kombinaasje foarme mei de gemeente fan Heechtsjerk en Leechtsjerk. Yn 1983 wurde de gemeente Heechtsjerk c.a.-Oostwold c.a. foarme. In pleatslik hotel kocht de tsjerke yn 2005 mei de bedoeling om dêr fergaderingen te hâlden. Sûnt 2008 is d'r in atelier fêstige yn de tsjerke.
Sport thumb|Multifunkjsoneel sintrum De Gaveborg Yn 1947 wurde de kuorbalferiening OWK (Oostwold WesterKwartier) oprjochte. De feriening die it it bêste rûn 1960 doe de feriening hast promovearre ta de earste klasse.
De fuotbalferiening VV Pelikaan-S wurde oprjochte yn 1957. In stik grûn foar it fuotbafjild wurde beskikber stelt troch Jo Smit, mei-oprjochter fan de pleatslike striekartonfabryk "Erica II". Ut dank neamde de feriening harren nei in hurddraver fan Smit, Pelikaan S. Alle hurdravers fan Smit hien de letter "s" achter harren namme.
Nei in rige kampioenskippen en promoasjes yn de jierren tusken 2014 en 2022 kaam Pelikaans S yn seizoen 2022/2023 út yn de Fjirde Difyzje. Nei it seizoen 2023/2024 beslute it bestjoer om op te hâlden mei prestaasjefuotbal.
Dêrneist hat Oostwold twa follybalferieningen.
Mienskip Oostwold hat hast 20 sosjale en sportyfe ferieningen. Oant 2011 befûn it doarpshûs it "Gavehuis" him westlik fan de tsjerke. Yn 2003 wie d'r sprake fan sloop fan it doarpshûs foar in útwreiding fan de skoalle. D'r wurde keazen foar nijbou yn de foarm fan in multifunksjoneel sintrum by de sportfjilden. Dit sintrum krige de namme "De Gaveborg" en wie klear yn 2011. De Gaveborg bied ûnderdak oan gearwurkingsskoalle De Gavelander, in berneopfang, in sportkafe, in fitnessrûmte, kuorbalferiening OWK, fuotbalferiening Pelikaan-S en in koöperatiefe buertsupermerk. De sportfjilden befine harren no neist en efter it gebou.
Underwiis Yn 2011 fusearren de iepenbiere en kristlike basisskoallen fan Oostwold ta gearwurkingsskoalle "De Gavelander". Dizze skoalle wurde ûnderbrocht yn mulitfinksjoneel sintrum "De Gaveborg".
De Oleander thumb|Eardere krislikte basiskoalle en skoalmasterswenning. De kristlike skoalle wurde westlik fan Oostwold bouwt. Letter gie de skoalle fierder as kristlike Daltonskoalle "De Oleander". It skoallegebou datearret fan 1918 en wurde yn de jierren '20 of '30 ferbouwt en útwreide yn de styl fan de Amsterdamske Skoalle. By de skoalle stiet noch in skoalmasterswenning yn
Gavehoek De iepenbiere skoalle stie neist it doarpshûs westlik fan de tsjerke. Hjir stienen skoalle en skoalmasterswenning út 1874. Yn 2011 wurde it skoallegebou sloopt, tegearre mei it doarpshûs.
Monuminten Neist in ryksmonumint hat Oostwold ek seis gemeentlike monuminten.
Befolkingsûntwikkeling +Jier20132014201520162017201820192020202120222023202420252026Oantal ynwenners655660630650650630650685680695710715700686 (Sifers komme fan: Woonplaats Oostwold (gemeente Westerkwartier) in cijfers en grafieken | AlleCijfers.nl)
Berne yn Oostwold
Egbert Mulder (1940-2021), fuotbalskiedsrjochter
Ynfrastruktuer
Strjitten Alle strjitten yn Oostwold.
Sjoch ek
Kleine Oostwolderpolder
Eksterne keppeling
Oostwold.com Kategory:Plak yn Grinslân