Mander (Nedersaksysk: Maander) is in buorskip yn 'e Twintske gemeente Tubbergen yn 'e provinsje Oerisel. Mander leit oan 'e Dútske grins en hat ynwenners (). It plak leit krekt benoarden Vasse. De wichtichste ferkearsier is de Uelserweg nei Tubbergen en Uelsen.
It besjen wurdich binne de wettermûnen fan Mûne fan Bels en fan Frans. Dêrnjonken lizze yn 'e omjouwing in tal grêfheuvels, lykas it rekonstruearre hunebêd fan Mander en de Galgeberch, dêr't yn 'e midsiuwen minsken oan 'e galge ophongen waarden. De ynwenners fan Mander hawwe de bynamme Grupndrieters.
Manderheide en sirkels Tichteby Mander leit de Manderheide, dêr't de tekstylfabrikantefamylje Jannink yn 'e jierren 1920 twa rûne ikkers oanlizze liet, dy't bekend steane as de Mandersirkels (of de Sirkels fan Jannink). Dêrop waard op in eksperimintele, meganisearre wize lânbou bedreaun. Famyljeleden koene dêr yn twa tagelyk boude fakânsjehúskes útfanhûzje. Ien dêrfan die letter tsjinst as hangar foar it fleantúch fan Gerhard Jannink, dy't de heide brûkte as start- en lâningsbaan. Yn 1999 binne de ikkers troch byldzjend keunstner Paul de Kort omfoarme ta ien fan 'e grutste foarbylden fan land art yn Nederlân.
Ofbylden
Kategory:Plak yn Tubbergen Kategory:Gemeente yn Oerisel