De noardlike toarnekster (Lanius borealis) is in Eastsibearyske en Noardamerikaanske fûgel yn 'e famylje wurgerfûgels (Laniidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). Foarhinne waard de soarte as in ûndersoarte fan 'e toarnekster (Lanius excubitor) behannele.

Uterlik De noardlike toarnekster is in relatyf grutte wurger (23-25 sm) mei in middellange sturt. De fûgel liket mei it smelle swarte gesichtsmasker, de ljochte ûnderkant en de grize boppekant en wite tekening op 'e sturt en wjukken dy't yn 'e flecht dúdlik te sjen binne, tige op 'e toarnekster (Lanius excubitor). Hy ferskilt der lykwols fan trochdat er yn it folwoeksen kleed in fine, tsjustere dwerstreking hat op de wat donkerder ûnderkant en dat de boppekant in wat okerkleurige gloed hat. Yn Noard-Amearika is er fan 'e Amerikaanske toarnekster (Lanius ludovicianus) te ûnderskieden trochdat dy lêste in breder swart gesichtsmasker hat dat hielendal oant de snaffel rikt, lytser en fan ûnder suver wyt is.

Fersprieding en systematyk De fûgel komt foar yn East-Aazje en noardlik Noard-Amearika en wurdt opdield yn seis ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Lanius borealis invictus – Alaska (útsein it noardlike diel) en noardwestlik en noardsintraal Kanada (Yukon en Northwest Territories en hielendal yn it noarden fan Britsk-Kolumbia eastlik oant noardlik Ontario); bûten de briedtiid yn it suden fan Kanada en grutte dielen fan 'e westlike en sintrale dielen fan 'e Feriene Steaten. Lanius borealis borealis – noardeastlik Kanada (noardlik Ontario en noardlik en sintraal Kebek eastlik oant it skiereilân Labrador); bûten de briedtiid nei suidoastlik Kanada en de sintrale en eastlike Feriene Steaten. Lanius borealis mollis – súd-sintraal Ruslân (Altai- en Sajanberchtme en noardwestlik Mongoalje; bûten de briedtiid ek yn noardlik Sina. Lanius borealis funereus – súdlik en eastlik Tian Shan, mooglik ek yn 'e bercheftige gebieten yn eastlik Kazachstan. Lanius borealis sibiricus – sintraal en eastlik Sibearje eastlik oant de delling fan 'e Kolymarivier en it skiereilân Tsjûkotka, nei it suden ta oant de Baikalmar, noardlik Mongoalje en súdeastlik Ruslân (noardlik Amoerlân), mooglik ek de noardlike Koerilen; bûten de briedtiid yn súd-sintraal Sibearje, Mongoalje, noardeastlik Sina (yn it suden mooglik oant noardlik Hebei) en it Kustterritoarium. Lanius borealis bianchii – Sachalin en de súdlike Koerilen; bûten de briedtiid yn noardlik Japan (Hokkaido, seldsum fierder nei it suden).

De ûndersoarte invictus krúst mei borealis yn noardeastlik Manitoba en noardlik Ontario, en wurdt dêr faak ek ta rekkene. Op 'e selde wize wurdt funereus faak by mollis yndield.

De noardlike toarnekster briedt op 'e taiga en op 'e grins tusken de taiga en de tûndra, yn iepen lânksip mei middelgrutte oant hege beammen of strûken. Winterdeis giet de foarkar út nei iepen gebiet mei hege útsjochpunten op fjild, yn sompen en oan boskrânen.

Noardlike toarnekster yn Jeropa De noardlike toarnekster is in tige seldsume gast yn Jeropa mei in pear waarnimmingen yn Noarwegen, de Oekraïne, Finlân en Sweden.

Soartstatus Foarhinne waard de fûgel as in ûndersoarte fan 'e toarnekster (Lanius excubitor) beskôge. DNA-stúdzjes wiisden út dat de soarte tichter by de Amerikaanske toarnekster (L. ludovicianus) stiet. Stúdzjes litte ek sjen dat de ûndersoarte mollis parapatrysk of sels sympatrysk briedt mei de Euraziatyske toarnekster (Lanius excubitor pallidirostris).

Hâlden en dragen Lykas oare soarten yn it skaai yt de fûgel ynsekten, kjifdieren, fûgels en reptilen. As rôver sit er op in heech punt dêr't er de omkriten obstrewearret. Sjocht er in proai om mei de snaffel of klauwen te fangen dan dûkt er en deadet it bist yn 'e nekke. Syn proai spytst er faak oan stikels of stikeltried om dy letter op te fretten.

It nêst is komfoarmich en sit yn in beam of strûk. It nêst is sa djip dat allinnich de útstekkende sturt fan it briedende wyfke te sjen is. Hja leit fjouwer oant njoggen aaien, dy't yn 14 oant 21 dagen útbret wurde. De jongen fleane nei 18 oant 20 dagen út.

Status en bedrigingen De noardlike toarnekster hat in grut ferspriedingsgebiet, mar oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne. De IUCN klassifisearret de soarte lykwols as net bedrige (Least Concern, LC). Grutte gebieten mei geskikt leefgebiet yn Alaska en Noard-Kanada wurde beskerme.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska