De toarnekster (Lanius excubitor) is in fûgel út it skaai wurgers (Lanius) yn 'e famylje wurgerfûgels (Laniidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 publisearre troch Carl Linnaeus. De toarnekster briede eartiids ek yn Nederlân yn lytse oantallen, mar die dat earne yn 'e jierren 1990 foar it lêst. Yn 'e neisimmer en yn 'e hjerst wurdt de soarte yn hieltiten lytsere oantallen op 'e trek yn Nederlân sjoen. Ek is Nederlân foar in lyts oantal in oerwinteringsplak.

Skaaimerken De toarnekster is in fûgel fan likernôch 24 sm. It fearrekleed is griis, swart en wyt. De boppekant fan 'e kop en de foarholle binne griis. Fan 'e snaffel rint oer it each nei de earstreek in swart masker mei boppe it each in wite wynbraustreek. De snaffel is brún-swart en heakfoarmich. thumb|left|Fûgel yn Yndia. Sawol de poaten as de wjukken binne swart. De sturt is trepfoarmich en swart mei wyt op 'e bûtenste fearren. Fan ûnder is de sturt wyt. Fierders hat de fûgel in opfallend wyt skouderplak. It wyfke hat bytiden op it boarst dwersstreken.

Yn 'e weagjende flecht is de oer de wjukken in wite streek en in wite stút te sjen. Jonge toarneksters binne griisbrún, mei in dwersstreke ûnderside.

De sang is in mingsel fan ûnderdrukte skerpe en melodieuze lûden, mei 'tru' en 'kiehrr', mar hy ymmitearret ek. 'Tsjek-tsjek' is de trekrop en in koart 'èk-èk' de alarmrop.

Ferspriediging en systematyk Der is gjin ienriedigens oer it oantal soarten en ûndersoarten fan 'e toarnekster. Foarhinne waard de toarnekster (Lanius excubitor) as ien wiidfersprate soarte beskôge dy't yn Jeropa, Aazje, Noard-Afrika en Noard-Amearika foarkaam. Ut ûndersyk die lykwols bliken dat de noardlike en súdlike populaasje net ûnderling kruse dêr't harren ferspriedingsgebieten inoar rekken en dat de in foarkar hiene foar ferskillende soarten habitats. Dêrom waard de soarte opsplitst yn twa soarten: de toarnekster (Lanius excubitor) en de Ibearyske toarnekster (Lanius meridionalis), dy te finen is op it Ibearysk Skiereilân, yn Noard-Afrika en yn súdlikere dielen fan Aazje.

Ut letter DNA-ûndersyk die lykwols bliken dat de ferskillende populaasjes fan 'e toarnekster en de súdlike toarnekster ek net inoars neiste sibben binne. Eastaziatyske en Noardamerikaanske toarneksters (de saneamde noardlike toarnekster (Lanius borealis) - lykas ek de nominaatfoarm fan 'e Ibearyske toarnekster fan it Ibearysk Skiereilân (Lanius meridionalis) - binne ynstee dêrfan nau besibbe oan 'e Amerikaanske toarnekster (Lanius ludovicianus)

Undersoarten Op 'e IOC World Bird List fan 2021 steane de folgjende ûndersoarten neamd:

L. e. excubitor: noardlik, sintraal en eastlik Jeropa en noardwestlik Sibearje. L. e. homeyeri: suidoastlik Jeropa en súdwestlik Sibearje. L. e. koenigi: Kanaryske Eilannen L. e. algeriensis: kustsône noardwestlik Afrika L. e. elegans: noardeastlik Mauretaanje en noardwestlik Maly oant noardeastlik Sûdan, Egypte en súdwestlik Israel L. e. leucopygos: sintraal en súdlik Mauretaanje oant súdlik Tsjaad en sintraal Soedan L. e. aucheri: Sûdan oant Somaalje, Arabysk Skiereilân, súdlik Israel, Jordaanje, Irak en súdlik Iran L. e. theresae: súdlik Libanon en noardlik Israel L. e. buryi: Jemen L. e. uncinatus: Sokotra L. e. lahtora (Aziatyske toarnekster): Pakistan, sintraal Yndia en súdlik Nepal en westlik Bangladesj L. e. pallidirostris (Steppetoarnekster): Iran oant noardlik Sina

Nederlân Nederlân leit oan 'e westlike râne fan it ferspriedingsgebiet fan 'e toarnekster. Nei alle gedachten hat de fûgel nea in algemiene soarte west. Toarneksters briede graach op grutte heidefjilden en heechfeagebieten mei beammen en iepen romten. Yn Oerisel, Drinte, Gelderlân, Noard-Brabân, Limburch en súdeastlik Fryslân wie dat type lânskip rûnom te finen oant yn 'e 19e iuw de grutskalige lânoanmakkerijen úteinsetten. Dêrnei sette in delgong útein. Oant 1950 telde de briedpopulaasje yn Nederlân mooglik noch in pear hûndert pearkes, mar yn 'e jierren 1980 noch mar tsientallen. Yn 'e jierren 1990 is der foar it lêst in briedgefal fêststeld.

Hjoed-de-dei wurdt de toarnekster yn jimmeroan lytsere oantallen allinnich noch op 'e trek of as wintergast yn 'e eastlike helte fan Nederlân of yn 'e dunerige sjoen.

Hâlden en dragen Toarneksters sitte faak op in útsjochpost. De fûgels binne meastentiids solitêr en territoriaal.

De briedtiid falt yn april oant juny en duorret 15 dagen. It wyfke briedt meastentiids en wurdt troch it mantsje fuorre. Beide fûgels fersoargje de jongen. Dizze ferlitte nei 19 of 20 dagen it nêst. Toarneksters briede ienris yn it jier en it grutte nêst wurdt yn nullebeammen, apelbeammen, toarnstrûken of ikebeammen boud mei frij útsjoch op iepen terrein. It nêstmateriaal bestiet út tûkjes, heide, gers en blêd en wurdt mei wol, hier en fearkes ôfset. Ornaris telt in lechsel fiif oant sân griis-, giel-, of grieneftige aaien mei brune plakjes sûnder glâns fan 26 x 19 mm. thumb|left|Toarnekster mei proai. De toarnekster libbet meast fan ynsekten en lytse kjifdieren en leit faak in foarried oan troch de proaien op stikels of tûkjes te spytsjen. In toarnekster wurdt by it foerazjearjen faak biddend sjoen.

Status en bedrigingen De toarnekster hat in tige grut ferspriedingsgebiet. Der wurdt oardiele dat er yn oantal ôfnimt, mar net sa slim dat de fûgel as bedrige beskôge wurde moat. Dêrom kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op 640.000 oant 1.250.000 folwoeksen fûgels.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen