De Santa-Martastrûkgoars (Arremon basilicus) is in fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae). De soartenamme ferwiist nei de it Santa-Martaberchtme, dêr't de fûgel foarkomt. Skaaimerken De Santa-Martastrûkgoars is likernôch 19 sm lang. De skaaien hawwe itselde fearrekleed. Folwoeksen fûgels hawwe in swarte krún mei in grize streek yn 'e midden en in grize wynbraustreek dy't trochrint oant de nekke en efter de eardekfearren trochgiet. De rest fan it gesicht is swart. De boppekant, wjukken en de sturt binne oliifgrien. De kiel is wyt mei dêrûnder in smelle swarte bân. It midden fan it boarst en de bûk is wyt, en de siden, flanken en ûndersturt binne brúngrien. De soarte hat in donker kastanjebrún each, in swarte snaffel en swarteftige poaten.
Jonge fûgels hawwe in effen donkere kop mei brune boppekanten en ljochtbrune ûnderkanten mei donkerbrune streken.
Fersprieding en taksonomy Dizze soarte komt foar yn it Santa-Martaberchtme yn it noardeasten fan Kolombia. Earder waard de soarte as in ûndersoarte fan Arremon torquatus behannele.
Status en bedriging De grutte fan 'e populaasje waard yn 2016 rûsd op 10.000 oant 20.000 folwoeksen fûgels en der wurdt oannommen dat de populaasje stabyl is. Op 'e Reade List fan 'e IUCN hat de soarte de status gefoelich (Near Threatened, NT), om't it ferspriedingsgebiet tige lyts is.
Kategory:Strûkgoars Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia