Espírito Santo (Portegeesk foar "Hillige Geast", offisjeel Estado do Espírito Santo, standerôfkoarting: ES) is ien fan 'e 26 dielsteaten fan Brazylje. De steat leit yn 'e regio Súdeast en hat in oerflak fan sa'n 46.074,4 km². By de folkstelling fan 2022 hie de steat 3.833.486 ynwenners. De haadstêd is Vitória.
Bestjoer Yn Vitória steane de oerheidsgebouwen fan 'e dielsteat. De sit fan 'e gûverneur is it Palácio Anchieta. Bestjoerlik is de steat ferdield yn 12 regio's mei yn totaal 78 gemeenten (municípios).
Geografy thumb|left|Binnenlân fan Espírito Santo De steat leit oan 'e Atlantyske kust fan Brazylje yn 'e regio Súdeast en grinzget oan 'e steaten Minas Gerais, Bahia en Rio de Janeiro. Likernôch 40% fan 'e steat leit yn in smelle kustflakte, mar it reliëf lit grutte hichteferskillen sjen. Geografysk kin de steat ferdield wurde yn it leechlân (de Baixada Espírito-Santense) en it berchgebiet mei de Serra do Castelo en de Serra do Caparaó. Yn dat lêste berchtme leit de Pico da Bandeira (2.892 meter), de heechste berch fan Espírito Santo en de op fjouwer nei heechste berch fan Brazylje.
De wichtichste rivieren fan 'e steat binne de Rio Doce, de São Mateus, de Itaúnas, de Itapemirim en de Jucu. Hja foarmje de sedimentêre polders en kustflakten yn it súdeasten.
Lânskip It grutste part fan Espírito Santo leit op in heechflakte dy't part is fan it Atlantysk Massyf, mei in trochsneed hichte fan 600 oant 700 meter boppe de seespegel. Yn 'e steat binne fjouwer oant fiif dúdlike lânskipsfoarmen te ûnderskieden:
thumb|left|Tafelberch yn Espírito Santo. Kustflakten: strannen en kustfegetaasje (restingas) en sânflakten. Sânstien-plateaus: relatyf platte tafellannen fan sa'n 50 meter hichte dy't steil ôfrinne nei de kustflakte. Isolearre heuvels en bergen: formaasjes lykas graniten rotsen oan 'e kust dy't natuerlike baaien foarmje (lykas de Baía de Vitória). Rivier-ynundaasjeflakten: rivierdelta's lykas de mûning fan 'e Rio Doce. It Berchlân: de eastlike râne fan it Braziljaansk Berchlân mei in trochsneed hichte fan 700 meter en piken lykas yn 'e Serra do Caparaó.
Oars as yn 'e buorsteaten Rio de Janeiro en São Paulo is de oergong fan 'e heechflakte nei de kust yn Espírito Santo rûch en mei kleauwen, om't rivieren djippe dellingen yn it lânskip útsnien hawwe.
Kust thumb|left|Conceição da Barra De kust fan Espírito Santo is yn it suden en it midden rotsich, mei steile piken en grutte graniten rotsblokken foar de kust. Wylst it suden en midden in noflike ynwykskust hawwe mei in soad baaien en eilannen, is de kust yn it noarden foaral sânich en rjochtlinich. Dêr oer hearskje sânstrannen en dunen, lykas yn Itaúnas en Conceição da Barra.
By de steat hearre ek it eilân Trindade (12,5 km²), dat 1.140 km eastlik yn 'e Atlantyske Oseaan leit, en it eilantsje Martim Vaz. Fan 'e yn totaal 73 eilannen fan 'e steat lizze der allinne al 50 yn 'e haadstêd Vitória.
Klimaat It klimaat is tropysk en fochtich en wurdt sterk beynfloede troch de Atlantyske Oseaan. De delslach leit alle jierren tusken de 1.000 mm en 1.500 mm en falt foar it meastepart yn 'e simmer. De trochsneed temperatuer leit alle jierren tusken de 22 °C en 24 °C.
Befolking + Befolkingsûntwikkeling Espírito Santo (1872–2022) Jier 1872 1890 1900 1920 1940 1950 1960 Ynwennertal 82.137 135.997 209.783 457.328 790.149 957.238 1.418.348 Groei — +65,6% +54,3% +118,0% +72,8% +21,1% +48,2% Jier 1970 1980 1991 2000 2010 2022 Ynwennertal 1.617.857 2.063.679 2.598.505 3.097.498 3.514.952 3.833.712 Groei +14,1% +27,6% +25,9% +19,2% +13,5% +9,1%
Wichtichste stêden thumb|260px|Vila Velha + De grutste stêden fan Espírito Santo (2022) Stêd Ynwenners Stêd Ynwenners 20px|border|Serra Serra 520.649 20px|border|Linhares Linhares 166.786 20px|border|Vila Velha Vila Velha 467.722 20px|border|São Mateus São Mateus 123.752 20px|border|Cariacica Cariacica 353.491 20px|border|Colatina Colatina 120.033 20px|border|Vitória Vitória 322.869 20px|border|Guarapari Guarapari 124.656 20px|border|Cachoeiro de Itapemirim Cachoeiro de Itapemirim 185.786 20px|border|Aracruz Aracruz 94.765 Boarne: IBGE - Censo 2022
Religy thumb|left|Convento da Penha, Vila Velha Hoewol't it katolisisme tradisjoneel de dominante religy yn Espírito Santo is, is it oandiel fan 'e pinksterbeweging en protestantske tsjerken de lêste desennia sterk groeid. Neffens de folkstelling fan 2010 wie 53,4% fan 'e befolking katolyk. De katolike tsjerke yn 'e steat is ferdield yn ien aartsbisdom (Vitória) en trije bisdommen (São Mateus, Colatina en Cachoeiro de Itapemirim). Belangryk katolyk erfgoed binne it Convento da Penha – it earste kleaster fan Brazylje (1555) – en de Basilyk fan 'e Hillige Antonius.
De steat hat mei 33,1% fan 'e ynwenners it heechste persintaazje protestanten fan hiel Brazylje. De grutste streaming is de Assembléia de Deus, folge troch de yn Espírito Santo oprjochte Igreja Cristã Maranata, it baptisme en de Igreja Universal do Reino de Deus. De lutherske tsjerke is benammen fertsjintwurdige yn it berchlân, dêr't in soad neiteam fan Dútske ymmigranten libje. Dêrnjonken stie de earste lutherske tsjerke fan Brazylje yn dizze steat.
Natuer en miljeu It hiele grûngebiet fan Espírito Santo bestie foarhinne út tropysk reinwâld (Mata Atlântica). Yn it suden fan 'e steat, dêr't de minsken it earst it gebiet bewennen, is dit wâld hielendal ferdwûn. It oanmeitsjen fan nije lânbougrûn, houtkap en foaral it kapjen fan hurdhout hawwe laat ta in sterke útwreiding fan lânbou- en greidegebieten en it ferneatigjen fan it oarspronklike lânskip.
Allinne yn it noarden fan 'e steat, dêr't de ûntbosking letter op gong kaam, binne noch in pear natuerreservaten mei bosk oer. De Serra do Caparaó, dy't earder hielendal bedutsen wie mei Atlantysk Reinwâld, is hjoed-de-dei sterk oantaaste; natuerlik grien is dêr allinne noch te finen op hichten boppe de 2.000 meter boppe de seespegel.
In mear as bysûndere plantesoarte foar de steat is de neotropyske bromelia Tillandsia eltoniana; dizze plantesoarte komt yn it wyld allinnich foar yn 'e steat Espírito Santo.
Natuerparken Espírito Santo hat ien federaal nasjonaal park en ferskate wichtige steatsparken (parques estaduais): thumb|260px|Wetterfal yn it Nasjonaal Park Caparaó. + Nasjonale en steatsparken yn Espírito Santo Park Type Oerflak (ha) Bysûnderheden Nasjonaal Park Caparaó Federaal 31.800 mei de Pico da Bandeira (2.892 m), de heechste berch fan 'e steat. Steatspark Pedra Azul Steatspark 1.240 bekend om de markante graniten rotsformaasje Pedra Azul (1.822 m). Steatspark Paulo César Vinha Steatspark 1.500 beskermet it kwetsbere kustekosysteem, dunen en strannen. Steatspark Forno Grande Steatspark 730 berchpark mei steile rotswanden en in hichte oant 2.039 meter. Steatspark Itaúnas Steatspark 3.200 Bekend om syn sândunen, mangroves en it briedgebiet foar seeskyldpodden.
Kategory:Steat fan Brazylje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1889