De Caracasstrûkgoars (Arremon phaeopleurus) is in fûgelsoarte yn 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). De fûgel is endemysk foar Fenezuëla.
Skaaimerken en lûd De Caracasstrûkgoars is likernôch 19 sm lang. De skaaien hawwe itselde fearrekleed. Folwoeksen fûgels hawwe in swarte krún mei in grize streek yn 'e midden en in griiswite wynbraustreek dy't trochrint nei de nekke en efter de eardekfearren lâns nei de siden fan it boarst. De rest fan it gesicht is swart. De boppekant, de wjukken en de sturt binne oliifgrien. De kiel is wyt mei in swarte streek derûnder. It midden fan it boarst en de bûk binne wyt, en de flanken en de ûndersturtdekfearren binne oliifkleurich/sânkleurich. De fûgel hat in kastanjebrune iris, in swarte snaffel en rôzige oant swarteftige poaten.
Taksonomy en systematyk De Caracasstrûkgoars waard yn 1856 troch Philip Sclater formeel beskreaun. Earder waard dizze fûgel beskôge as in ûndersoarte fan 'e Arremon torquatus, mar nei ûndersyk yn 2010 is dy groep opsplitst yn acht ferskillende soarten, wêrûnder de Caracas-strûkgoars.
De Caracasstrûkgoars is monotypysk.
Fersprieding en it leefgebiet De Caracasstrûkgoars komt foar yn 'e Fenezuëlaanske kustbergen fan noardlik Guárico oant Aragua. De fûgel libbet yn fochtige berchbosken, wêrby't er de foarkar jout oan de ûndergroei yn it binnenlân en foaral de boskrânen. De hichte fan it leefgebiet rint fan 700 oant 1.800 meter.
Gedrach en fuortplanting De fûgel is in stânfûgel. Oer it dieet is gjin ûndersyk dien; hy foerazjearret allinnich of yn pearkes. Hy siket it iten op 'e grûn, meastentiids ûnder begroeiïng, wêrby't er it blêdôffal mei de snaffel oan 'e kant skoot.
De briedtiid falt tusken maaie en july. Fierder is der oer de briedbiology fan 'e soarte neat bekend.
Status en bedriging De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) hat de Caracasstrûkgoars klassifisearre as net bedrige (Least Concern, LC). De soarte hat in beheind ferspriedingsgebiet; de oantallen binne net bekend, mar wurde stabyl achte. Der binne gjin bedrigings fêststeld. De fûgel is te finen yn ferskate goed bewarre bleaune beskerme gebieten.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla