De Stoarmfloed fan 1220 of de Trijekeningenfloed, wie in stoarmfloed dy't yn it jier 1220 yn de Ommelannen wie (yn de hjoeddeistige provinsje Grinslân).
It gebiet wie in jier earder al troffen troch de Sint-Marsellusfloed yn 1219. Om't de Sint-Marsellusfloed lykwols sa'n ûnbidige ferwoasting oanrjochte hie en de reparaasjewurksumheden noch oan 'e gong wiene, wiene de measte bewenners noch net weromgien nei harren eardere wenten. Dêrtroch wurde der gjin slachtoffers neamd.
Kategory:Wettersneed yn Grinslân Kategory:Skiednis fan Grinslân Kategory:Barren yn 1220