De Kolombiaanske strûkgoars (Arremon atricapillus) is in fûgelsoarte yn 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Beskriuwing De Kolombiaanske strûkgoars is likernôch 19 sm lang en weaget om de 49,5 gram. De skaaien hawwe itselde fearrekleed. Folwoeksen fûgels hawwe in hast folslein swarte kop mei in wite kiel. De boppekant en de wjukken binne oliifgrien en de sturt is donkergriis. It wite fan 'e kiel rint troch oer it boarst en de bûk. De siden fan it boarst binne griis en de flanken en de ûndersturt binne griiseftich oliifgrien. De fûgel hat in donkere kastanjebrune iris, in swarte snaffel en donkere poaten. Jonge fûgels hawwe in grieneftich oliifgriene kop en boppekant, dofbrune wjukken en sturt, en sânkleurige/kastanjebrune ûndersiden. De ûndersoarte Arremon a. tacarcunae liket tige op 'e nominaatfoarm, mar hat in dizige grize streek yn 'e midden fan 'e krún en in dizige grize wynbraustreek.

Fersprieding en systematyk De Kolombiaanske strûkgoars wurdt opdield yn twa ûndersoarten:

Arremon atricapillus tacarcunae – komt foar yn bercheftigen yn it easten fan Panama. Arremon atricapillus atricapillus – komt foar yn 'e sintrale en eastlike Andes yn it noarden fan Kolombia.

Earder waard er beskôge as in ûndersoarte fan Arremon torquatus.

Status en bedriging De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme, hoewol net sa slim dat er as bedrige beskôge wurde moat. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Panama