De Kostarikaanske strûkgoars (Arremon costaricensis) is in fûgelsoarte yn 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).
Skaaimerken De Kostarikaanske strûkgoars wurdt 17 oant 20 sm lang en weaget 40 oant 49,5 gram. Mantsjes en wyfkes hawwe itselde fearrekleed. Folwoeksen fûgels hawwe in swarte krún mei in grize streek yn 'e midden en in grize wynbraustreek dy't trochrint nei de nekke en efter de eardekfearren lâns. De rest fan it gesicht is swart. De boppekant, de wjukken en de sturt binne oliifgrien. De kiel is wyt mei in smelle grize streek derûnder. It midden fan it boarst en de bûk binne wyt, de siden en flanken binne griis, en de ûndersturtdekfearren hawwe in oliifgriene tint. De fûgel hat in readbrune iris, in donkergrize snaffel en donkerrôze poaten. Jonge fûgels binne mear griisswart ynstee fan djipswart op 'e kop, mei in griis boarst en in ljochtgiele of sânkleurige bûk.
Fersprieding en systematyk De fûgel is te finen yn bercheftige gebieten fan súdwestlik en westlik Kosta Rika oant westlik Panama (Chiriquí). Earder waard er as in ûndersoarte fan Arremon torquatus behannele.
Status en bedriging De Kostarikaanske strûkgoars hat in beheind ferspriedingsgebiet. De populaasje wurdt rûsd op tusken de 20.000 en 50.000 folwoeksen fûgels. De ûntwikkeling fan 'e oantallen is net bekend. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, LC).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Panama