De wytbraustrûkgoars (Arremon torquatus) is in fûgel yn 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Skaaimerken en lûd De wytbraustrûkgoars hat in wite wynbraustreek. Noardlike fûgels hawwe ek in swarte boarstbân. Oan 'e ûnderkant is de fûgel wyt op it midden fan it boarst en de búk, wylst de flanken griis binne. De sang bestiet út trije oant fjouwer hege fluittoanen.

Fersprieding en systematyk De Boliviaanske strûkgoars wurdt ferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Arremon torquatus torquatus – komt foar yn 'e Andes yn it meast súdlike part fan Perû (súdlik Puno) en yn noardwestlik Bolivia (La Paz en westlik Cochabamba) Arremon torquatus fimbriatus – komt foar yn 'e Andes yn Bolivia (eastlik Cochabamba, westlik Santa Cruz en Chuquisaca) Arremon torquatus borellii – komt foar yn 'e Andes yn súdlik Bolivia (Tarija) en noardwestlik Argentynje (Jujuy en Salta)

Earder waarden de wytbraustrûkgoars, de Kostarikaanske strûkgoars, de Paría-strûkgoars, de Kolombiaanske strûkgoars, de Caracas-strûkgoars, de griisbraustrûkgoars, de Santa Marta-strûkgoars en de Perijá-strûkgoars allegearre beskôge as ien en 'e selde soarte, ûnder de wittenskiplike namme Arremon torquatus. Op grûn fan ferskillen yn genetyk, lûd, uterlik en ekology is dat soartekompleks opdield yn 'e niis neamde soarten.

Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarzen yndield by de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae), dêr't de Euraazjeske en Afrikaanske goarzen ta hearre. Ut ferskate genetyske ûndersiken die lykwols bliken dat se in aparte groep foarmje dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en ferskate famyljes mei mar in lyts oantal endemyske soarten yn it Karibysk gebiet.

Hâlden en dragen De wytbraustrûkgoars libbet yn 'e ûndergroei fan fochtige wâlden en tichte jonge bosken.

Status en bedriging De soart hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat de oantallen tebekrinne, hoewol net sa slim dat er as bedrige beskôge wurdt. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC) op 'e Reade List.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje