Maaike Hartjes (Amsterdam, 15 oktober 1972) is in tekener en skriuwster fan stripferhalen. Teffens makket se kollaazjes.

Wurkpaad Hartjes studearre in jier lang wiskunde oan de Frije Universiteit yn Amsterdam foardat se oerstapte nei de keunstakademy. Se behearsket in grut tal ferskillende tekenstilen. Sûnt se healwei de jierren njoggentich bekendheid krige mei de lytse figuerkes yn Maaike's Dagboekje, is dat har haadstyl fan tekenjen bleaun. Dy strip waard oarspronklik útjûn as in boekje yn eigen behear en ferskynde nei in pear jier alle wiken in skoftke yn it tydskrift Viva. It karakter fan de strip feroare doe wat: fan koarte grappen ferskode it nei in mear realistyske deiboekfoarm. De strips waarden ek publisearre yn tydskriften lykas Iris, Razzafrazz en Zone 5300.

Hartjes brocht in album út mei strips makke troch froulju: Old Cake Comix.

Lykas ek Barbara Stok en Gerrie Hondius holp se om autobiografyske strips yn Nederlân populêr te meitsjen.

Bibliografy Maaike's dagboekje (Oog & Blik, 1998) Maaikes grote dagboekje (Oog & Blik, 2002) Hartjes | Deel 1 (Oog & Blik\De Harmonie, 2004) Hartjes | Deel 2 (Oog & Blik\De Harmonie, 2005) Donker | Zuid-Afrika dagboek (De Bezige Bij, 2006/2010) Zo lief ben je nou ook weer niet! (Oog & Blik\De Harmonie, 2007) Hong Kong dagboek mei Mark Hendriks (Oog & Blik, 2008) Hartenjagen (Oog & Blik\De Bezige Bij, 2009) Gruwelijk! (Oog & Blik\De Bezige Bij, 2011) Burn-out dagboek (Nijgh & Van Ditmar, 2018)

Film I'm perfectly fine (2023), koarte film basearre op it Burn-out deiboek

Keppelingen om utens Hiemside Webside film I'm perfectly fine Comic House-portfolio fan Maaike Hartjes Maaike Hartjes op lambiek.net

Kategory:Nederlânsk striptekener Kategory:Nederlânsk yllustrator Kategory:Nederlânsk tekstskriuwer Kategory:Nederlânsk deiboekskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1972