De oliifgriene strûkgoars (Arremon castaneiceps) is in fûgelsoarte yn 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). Hy komt lokaal foar yn 'e Andes.

Skaaimerken en lûd De oliifgriene strûkgoars is in stevige fûgel fan 15,5 oant 16,5 sm lang, mei in rustkleurige foarholle, krún en nekke en in donker blaugriis gesicht en in wite snorstreek. De rest fan it fearrekleed is oliifgrien. De sang bestiet út in flugge rige fan fluittoanen dy't wol tsien sekonden duorje kin.

Fersprieding en systematyk De fûgel komt lokaal foar yn 'e Andes fan Kolombia oant Ekwador en it súdeasten fan Perû. De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.

Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarzen yndield by de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae), dêr't de Jeraziatyske en Afrikaanske goarzen ta hearre. Ut ferskate genetyske ûndersiken die lykwols bliken dat se in aparte groep foarmje dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en ferskate famyljes mei mar in lyts oantal endemyske soarten yn it Karibysk gebiet.

Hâlden en dragen De oliifgriene strûkgoars wurdt oantroffen yn leger liggende, fochtige berchwâlden op hichten tusken 750 en 1800 meter. Dêr is er te sjen yn tichte ûndergroei en tusken tichte klimplanten en oan wâldrânen. De fûgel siket iten op of tichteby de grûn. Yn it Ekwadoraanske departemint Napo briedt er meastentiids tusken maart en april. It nêst is in grutte, griene bol besteande út moas, lytse woartels en farsk blêd fan farens, dat ornaris yn in klimplant boud wurdt. In lechsel bestiet út twa aaien.

Status en bedriging De soarte hat nei alle gedachten te lijen fan 'e oanhâldende ûntbosking. De oantallen wurde oer de kommende trije generaasjes nei alle gedachten 25 oant 30% lytser. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as gefoelich (Near Threatened, NT).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Bedrige fûgel