Mariaparochie is in lyts tsjerkedoarp yn Twinte yn 'e provinsje Oerisel. Mariaparochie falt foar it meastepart ûnder de gemeente Tubbergen en foar in lyts part ûnder de gemeente Almelo. It doarp ûntstie yn 'e ôfrûne twa iuwen om 'e parochytsjerke Us Leaffrou fan Ivichduorjende Bystân, dêr't ek de doarpsnamme fan ôflaat is. De tsjerke is in ûntwerp fan arsjitekt Jan Stuyt. It doarp hat likernôch ynwenners ().
Mariaparochie hat sûnt 1969 de doarpsstatus en docht in soad yn 'e mande mei Harbrinkhoek, dêr't it in dûbeldoarp mei foarmet.
Tsjerke De grutte roomsk-katolike parochytsjerke is wijd oan Us Leaffrou fan Ivichduorjende Bystân. Op 'e toer stiet de ynskripsje: Ave Maria, gratia plena, Dominus tecum (Wês groete, Marije, fol fan genede, de Heare is mei Jo.).
Kultuer Mariaparochie leit noardeastlik fan Almelo. It doarp is foaral bekend wurden troch in tekenfilm dêr't kabaretier Herman Finkers de namme fan it doarp yn ferwurke, Kroamschudd'n in Mariaparochie.
Kategory:Plak yn Tubbergen Kategory:Gemeente yn Oerisel