Manderveen (Nedersaksysk: Maanderven) is in doarp yn 'e Twintske gemeente Tubbergen yn 'e provinsje Oerisel. It doarp hat ynwenners (). Manderveen grinzget oan 'e doarpen Langeveen, Geesteren, Tubbergen, Mander en it Dútske Getelomoor.

Manderveen ûntstie lykas Langeveen yn 'e 19e iuw as in lytse boere- en feanarbeidersdelsetting doe't it rûge heechfean oanmakke waard. It doarpsgebiet is foar fierwei it grutste part agrarysk.

Mienskip Yn it midden fan it doarp leit it Korenplein. Dêroan leit de multyfunksjonele akkommodaasje De Samenwerking mei de sportfjilden en iisbaan, de âlde Landbouwersbank en it eardere partycentrum Peddemors, dat yn 2023 definityf de doarren slute moast.

Yn De Samenwerking binne de basisskoalle, it bernedeiferbliuw en de bûtenskoalske opfang, de fysioterapy, de sportfoarsjennings en de Huiskamer van Manderveen ûnderbrocht. It is it moetingsplak foar alle ynwenners fan it doarp.

In tsjerke hat Manderveen net. Sûnt 2004 hat it doarp wol in Marijekapel yn 'e bocht oan 'e Manderveenseweg, dêr't minsken hinne kinne foar besinning of it opstekken fan in kearske.

Kultuer Ferskate lokaasjes yn Manderveen binne yn 2020 brûkt as filmlokaasje foar de spylfilm "De beentjes van Sint-Hildegard" fan regisseur Johan Nijenhuis, mei yn 'e haadrollen Herman Finkers en Johanna ter Steege.

Kategory:Plak yn Tubbergen Kategory:Gemeente yn Oerisel