Harbrinkhoek (Nedersaksysk: Haarbig) is in doarp yn 'e Twintske gemeente Tubbergen yn 'e provinsje Oerisel. Harbrinkhoek foarmet tegearre mei it oanbuorjende Mariaparochie it dûbeldoarp Harbrinkhoek-Mariaparochie. It plak hat likernôch ynwenners ().

Skiednis Al yn 1262 waarden in tal pleatsen yn it gebiet neamd: Lodewich (letter de histoaryske pleats Löwkeboer), Heinink, Voshaar, it Wiegershuis en it Biggenhuis. Harbrinkhoek hat syn namme mooglik te tankjen oan in havesate mei de namme Harberinck.

Mienskip De katolike ynwenners fan Harbrinkhoek tsjerkje yn 'e tsjerke Us Leaffrou fan Ivichduorjende Bystân, dy't krekt oer de doarpsgrins yn it buordoarp Mariaparochie stiet. Mariaparochie is yn 'e 19e iuw folslein om dy tsjerke hinne ûntstien, wylst Harbrinkhoek it âldere boeredoarp wie.

It doarp hat in ryk ferieningslibben dat faak nau gearwurket mei Mariaparochie.

Monuminten Yn Harbrinkhoek steane twa monumintale pleatsen. De pleats oan 'e Achterlandsweg 9 is in 19e-iuwske langhúspleats. Löwkeboer oan 'e Almeloseweg 181 is in dwershúspleats út 1923, boud nei in ûntwerp fan H.J. Wiegers.

Kategory:Plak yn Tubbergen Kategory:Gemeente yn Oerisel