Bahia is ien fan 'e 26 dielsteaten fan Brazylje. De steat mei de standerôfkoarting BA hat in oerflak fan sa'n 564.733 km² en dêrmei is de steat 13,6 kear grutter as Nederlân. Bahia leit yn 'e regio Noardeast en grinzget yn it easten oan 'e Atlantyske Oseaan en fierder oan 'e steaten Espírito Santo yn it súdeasten, Minas Gerais yn it suden, Goiás en Tocantins yn it westen, Piauí yn it noardwesten, Pernambuco yn it noarden en Alagoas en Sergipe yn it noardeasten.
De haadstêd is Salvador. It ynwennertal fan Bahia makket likernôch 7% út fan 'e Braziljaanske befolking.
Bestjoerlike yndieling Brazylje is in federale republyk dy't streekrjocht ferdield is yn steaten (estados), en de steaten binne op har beurt bestjoerlik ferdield yn gemeenten (municípios). Bahia hat yn totaal 417 gemeenten. Eltse gemeente hat in eigen keazen boargemaster (prefeito) en in gemeenteried (câmara de vereadores). Grutte gemeenten binne faak noch fierder ferdield yn distrikten foar lokaal bestjoer.
Geografy en klimaat Mei in oerflak fan 564.733 km² is Bahia de op fjouwer nei grutste steat fan Brazylje. De steat leit yn it suden fan 'e regio Noardeast en hat mei mear as 1.100 kilometer de langste kustline fan alle Braziljaanske steaten oan 'e Atlantyske Oseaan. thumb|left|Atlantysk Reinwâld It lânskip lit in sterke ferskaat sjen en kin yn trije grutte geografyske sônes ferdield wurde: De Kuststripe (Zona da Mata): in smelle, tropyske kuststripe dêr't ek it Atlantysk Reinwâld (Mata Atlântica) groeit, mei strannen, dunen, mangroves en koraalriffen. It Ynlânsk Plato (Agreste en Sertão): in grut, heger lizzend plato mei de karakteristike drûge strûk- en savanne-fegetaasje dy't de Caatinga neamd wurdt. Yn it midden fan 'e steat leit it berchgebiet fan 'e Chapada Diamantina, in dwersketen fan 'e Espinhaço-bergen, mei toppen fan mear as 2.000 meter (dêr't de Pico do Barbado mei 2.033 meter de heechste berch fan is). It Westen (Cerrado): In heechflakte mei in savanne-klimaat, in gebiet mei grutskalige, moderne lânbou.
In grut part fan it wetter yn 'e steat wurdt ôfwettere troch it streamgebiet fan 'e São Francisco, de wichtichste rivier fan Bahia en ien fan 'e grutste rivieren fan Súd-Amearika. De rivier streamt yn it suden by de grins mei Minas Gerais de steat binnen, meändert troch it drûge binnenlân nei it noarden en bûget nei it easten ôf, dêr't er op 'e grins tusken Sergipe en Alagoas yn 'e Oseaan útkomt. De rivier is te befarren en foarmet in fitale boarne foar drinkwetter en de irrigaasje fan lânbougebieten. thumb|260px|Sobradinho-dam Yn 'e rivier leit de Sobradinhodaam. De opslachmar Reservatório de Sobradinho hat in oerflak fan mear as 4.200 km² en foarmet ien fan 'e grutste keunstmjittige marren fan 'e wrâld. It is in tige wichtige boarne foar sawol de opwekking fan elektrisiteit as it wetterbehear yn 'e steat.
Oare wichtige rivieren dy't streekrjocht nei de Atlantyske Oseaan streame binne de Paraguaçu, de Contas en de Jequitinhonha.
It klimaat fariearret fan tige fochtich-tropysk oan 'e kust oant ynlânsk semy-aride:
Befolking + Befolkingsûntwikkeling fan Bahia (1872–2022) Jier 1872 1890 1900 1920 1940 1950 1960 Ynwennertal 1.379.616 1.919.802 2.117.956 3.334.465 3.918.112 4.834.575 5.990.605 Groei — +39,2% +10,3% +57,4% +17,5% +23,4% +23,9% Jier 1970 1980 1991 2000 2010 2022 Ynwennertal 7.583.140 9.597.393 11.855.157 13.085.769 14.016.906 14.141.626 Groei +26,6% +26,6% +23,5% +10,4% +7,1% +0,9%
+ De 20 grutste stêden fan Bahia (2017) Stêd Ynwenners Stêd Ynwenners 20px|border|Salvador Salvador da Bahia 2.953.986 20px|border|Barreiras Barreiras 157.638 20px|border|Feira de Santana Feira de Santana 627.447 20px|border|Alagoinhas Alagoinhas 155.979 20px|border|Vitória da Conquista Vitória da Conquista 348.718 20px|border|Porto Seguro Porto Seguro 149.324 20px|border|Camaçari Camaçari 296.893 20px|border|Simões Filho Simões Filho 136.050 20px|border|Juazeiro Juazeiro 221.773 20px|border|Paulo Afonso Paulo Afonso 120.706 20px|border|Itabuna Itabuna 221.046 20px|Eunápolis Eunápolis 115.290 20px|border|Lauro de Freitas Lauro de Freitas 197.636 20px|border|Santo Antônio de Jesus Santo Antônio de Jesus 103.342 20px|border|Ilhéus Ilhéus 176.341 20px|border|Valença Valença 98.749 20px|Jequié Jequié 162.209 20px|border|Candeias Candeias 89.707 20px|border|Teixeira de Freitas Teixeira de Freitas 161.960 20px|border|Guanambi Guanambi 86.808 Boarne: IBGE - Rûzing ynwennertallen 2017
Religy thumb|260px|Sint-Fransiskustsjerke fan Salvador Bahia stiet yn Brazylje bekend om syn rike kulturele en religieuze ferskaat. De steat is it histoaryske hert fan 'e Afro-Braziljaanske kultuer, wat soarget foar in sterke ferweving fan it roomsk-katolisisme mei Afrikaanske religieuze tradysjes (synkretisme). Yn 'e ûndersteande tabel stiet de religieuze ferdieling fan 'e befolking fan Bahia neffens de meast resinte offisjele folkstelling:IBGE (Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística): Censo Demográfico 2010 - Tabela 2094: População residente por cor ou raça e religião, Rio de Janeiro.
+ Religieuze ferdieling yn Bahia (2010) Religy / Stroming Ynwennertal Oandiel (%) Roomsk-katolisisme 9.138.832 65,2% Protestantisme 2.438.941 17,4% Gjin religy 1.682.028 12,0% Spiritisme (Kardesisme) 154.185 1,1% Afro-Braziljaanske religys (Candomblé / Umbanda) 112.135 0,8% Oare religys / Unbekend 490.785 3,5% Totaal 14.016.906 100,0%
Natuer en nasjonale parken thumb|260px|Chapada Diamantina In grut part fan 'e natuer yn Bahia wurdt beskerme troch federale nasjonale parken (Parques Nacionais), dy't beheard wurde troch it Brazyljaanske miljeu-ynstitút ICMBio. Dizze parken fertsjintwurdigje in grut ferskaat oan ekosystemen, lykas it Atlantysk Reinwâld (Mata Atlântica), de drûge berchgebieten fan 'e Caatinga, en marine-ekosystemen foar de kust.
+ Nasjonale parken yn de steat Bahia Nasjonaal Park Oprjochte Oerflak (km²) Skaaimerken & Lânskip Nasjonaal Park Chapada Diamantina 1985 1.520 Berchgebiet yn it binnenlân mei tafelbergen, wetterfallen, grotten en kleauwen. Nasjonaal Park Marinho dos Abrolhos 1983 913 It earste marine park fan Brazylje, ferneamd om syn koraalriffen en bultrêchwalfisken. Nasjonaal Park Descobrimento 1999 226 Beskermet it meast oarspronklike part fan it Atlantysk Reinwâld, dat sûnt de jierren 1950 foar it grutste part kapt is om plak te meitsjen foar produksjebosk mei eukalytusbeammen. Nasjonaal Park de Monte Pascoal 1961 223 Histoarysk gebiet mei de berch dy't yn 1500 as earste troch Portegeeske ferkenners sjoen waard. Nasjonal Park do Pau Brasil 1999 190 Oprjochte om de seldsume en beskermde brazylbeam (Paubrasilia echinata) te beskermjen. Nasjonaal Park do Alto Cariri 2010 192 Leit yn it suden fan 'e steat en beskermet in berchketen mei in hiele hege biodiversiteit. Nasjonaal Park Grande Sertão Veredas 1989 2.300 Leit foar it grutste part yn Minas Gerais, mar rint foar in lyts part troch yn it westen fan Bahia.
Ekonomy De meast wichtige pylders fan 'e ekonomy binne yndustry en petrogemy, lânbou en feehâlderij, toerisme en tsjinstferliening en mynbou.
Kategory:Steat fan Brazylje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1823