De São-Franciscostrûkgoars (Arremon franciscanus) is in fûgelsoarte yn 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Skaaimerken en lûd De São-Franciscostrûkgoars is in 15 sm lange fûgel mei in fearrekleed yn it swart, wyt en oliifgrien. De kop is swart mei in grize streek oer de krún en in lange, wite wynbraustreek. De nekke is griiseftich, en de rest fan 'e boppedielen, ynklusyf de sturt, is oliifgrien. Under is de fûgel wyteftich mei grize flanken. Oan 'e boarstkant by it skouder is in dúdlike swart plak te sjen. De snaffel is gielich mei in swarte rêch. De sang bestiet út in searje fan twa oant trije hege, heldere fluittoanen, dy't ôfsluten wurde mei in koarte triller.

Fersprieding en systematyk De fûgel komt foar yn eastlik Brazylje (it binnenlân fan Minas Gerais en Bahia). De soarte wurdt behannele as monotypysk, wat betsjut dat er net opdield wurdt yn ûndersoarten.

Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarzen yndield by de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae), dêr't de Jeraziatyske en Afrikaanske goarzen ta hearre. Ut ferskate genetyske ûndersiken die lykwols bliken dat se in aparte groep foarmje, dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en ferskate famyljes mei mar in lyts oantal endemyske soarten yn it Karibysk gebiet.

Status en bedriging De São-Franciscostrûkgoars hat in grut ferspriedingsgebiet, mar it wurdt oannommen dat de oantallen ôfnimme, hoewol net sa sterk dat er as bedrige beskôge wurdt. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soarte as hast bedrige (Near Threatened, NT).

Namme De wittenskiplike soartnamme franciscanus ferwiist nei de rivier de Rio São Francisco yn Brazylje.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje