De São-Paulostrûkgoars (Arremon semitorquatus) is in fûgelsoarte yn 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). De fûgel komt foar yn bosken fan Brazylje.

Skaaimerken De São-Paulostrûkgoars is in sterk tekene goars mei in dúdlike swart plak op beide kanten fan it boarst, dy't in brutsen boarstbân foarmje (dêr't de Ingelske namme Half-collared Sparrow wei komt). De swarte kop kontrastearret mei in smelle wite wynkbraustreek en in griis kleure nekke. De boppekant is oliifgrien en de ûnderkant is foar it meast wyt mei grize flanken. De snaffel is twakleurig, mei in swarte boppesnaffel en in felgiele ûndersnaffel.

Fersprieding en systematyk De fûgel is endemysk foar Brazylje, dêr't er foarkomt yn 'e súdeastlike dielen fan it lân, fan Rio de Janeiro oant Rio Grande do Sul. De soarte wurdt behannele as monotypysk, itjinge betsjut dat er net opdield wurdt yn ûndersoarten.

Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarzen yndield by de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae), dêr't de Jeraziatyske en Afrikaanske goarzen ta hearre. Ut ferskate genetyske ûndersiken die lykwols bliken dat se in aparte groep foarmje dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en ferskate famyljes mei mar in lyts oantal endemyske soarten yn it Karibysk gebiet.

Levenswize De São-Paulostrûkgoars is te finen yn fochtige bosken en jong bosk en boskrânen. Dêr hâldt er him op yn 'e ûndergroei. De fûgel is ornaris dreech te sjen.

Status en bedriging De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme, hoewol net sa slim dat er as bedrige beskôge wurde moat. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje