De tsjoksnaffelstrûkgoars of tsjûksnaffelstrûkgoars (Arremon crassirostris) is in fûgelsoarte yn 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).
Skaaimerken thumb|left|Tekening fan in tsjoksnaffelstrûkgoars fan Joseph Smit. De tsjoksnaffelgoars is in middelgrut lid fan 'e famylje. It fearrekleed is oliifgrien mei in kontrastearjende giele bûk, in wite snorstreek, in donkergriis gesicht en in rustbrune krún. De skaaien binne itselde.
Fersprieding en systematyk De fûgel komt foar yn fochtige berchwâlden yn Kosta Rika en westlik Panama. In populaasje op 'e Cerro Tacarcuna yn it easten fan Panama en oanbuorjend Kolombia wurdt ornaris as in diel fan dizze soarte beskôge, mar stiet genetysk tichter by de oliifgriene strûkgoars. Dat hat lykwols noch net ta taksonomyske feroarings lein. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, wat betsjut dat er net opdield wurdt yn ûndersoarten.
Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarsfûgels yndield by de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae), dêr't de Jeraziatyske en Afrikaanske goarzen ta hearre. Ut ferskate genetyske ûndersiken die lykwols bliken dat se in aparte groep foarmje dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en ferskate famyljes mei mar in lyts oantal endemyske soarten yn it Karibysk gebiet.
Hâlden en dragen De tsjoksnaffelstrûkgoars wurdt meastentiids sjoen yn pearkes of lytse famyljegroepen, faak wylst er foerazjearret tusken drûge blêden op 'e grûn, of leech yn it tichte wâld by in wâldrâne bylâns wetterstreamkes. De fûgel is frij skou.
Status en bedriging Nettsjinsteande it beheinde ferspriedingsgebiet en it feit dat oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme, wurdt de fûgel troch de Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) as net bedrige (Least Concern, LC) beskôge. De wrâldpopulaasje wurdt op likernôch 50.000 oant in heal miljoen folwoeksen fûgels rûsd.
Namme De wittenskiplike soartenamme crassirostris is út twa Latynske wurden opboud: crassus (tsjok) en rostris (besibbe oan rostrum, dat bek betsjut). Gearstald betsjut crassirostris dus tsjoksnaffel. It is in ferwizing nei de opfallend swiere, krêftige snaffel dy't dizze soarte hat yn ferliking mei guon fan syn nauwe sibben yn it skaai.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Panama