De HH. Simon en Judastsjerke is in roomsk-katolike tsjerke yn it Twintske stedsje Oatmarsum yn 'e Nederlânske gemeente Dinkellân. De tsjerke is wijd oan 'e apostels Simon en Judas Taddéus.
De tsjerke is it iennige foarbyld yn Nederlân fan Westfaalske romanogotyk: it kombinearret de skaaimerken fan in halletsjerke mei in pseudobasilyk. Typysk foar de halletsjerke is dat de ferwulftribben fan it haad- en de sydskippen op 'e selde hichte begjinne, wylst de sydskippen fan in pseudobasilyk legere muorren hat as it middenkip.
Iere skiednis thumb|left|Koer. Oatmarsum wurdt foar it earst fermeld yn 'e Vita fan 'e Utertske biskop Radbod, dy't yn 917 by Oatmarsum ferstoar. Neffens dy Vita wie der doe al in oratoarium op it plak. Yn 1162 waard de tsjerke fan Oatmarsum troch biskop Godfried oan it kleaster fan Weerselo skonken.
De parochy Oatmarsum heart ta de âldste fan Twinte en wie oarspronklik hiel grut. Yn 1236 waard de kapel fan Almelo fan Oatmarsum ôfskieden en in folweardige parochytsjerke. Ek de parochy fan Tubbergen en har dochtertsjerken Albergen en Geesteren foelen oarspronklik ûnder de parochy Oatmarsum.
Yn 1195 of 1196 waard Oatmarsum troch de Drinten platbaarnd. Dy meidieling wurdt meastentiids beskôge as it begjin fan 'e bou fan 'e hjoeddeiske tsjerke.
Bouskiednis Dizze tsjerke is yn ferskate perioaden boud. It grutste part, it skip en it westlike dwersskip, stammet út 'e trettjinde iuw. De boustyl fan dy dielen slút oan by dy fan in pear tsjerken yn Westfalen. Der is in grutte oerienkomst mei de tsjerke fan Legden.
De plattegrûn fan it skip is neffens it bûne stelsel, dat betsjut dat de ferhâlding fan 'e traveeën fan it middenskip en it sydskip 1 op 2 is. It middenskip telt twa traveeën en de sydskippen dus fjouwer. Dat part stammet út likernôch 1230, útsein de ferwulften dy't tegearre mei it westlike dwersskip oanbrocht binne. Dat wurdt om 1250 hinne datearre. Ek it koertravee datearret yn syn oarspronklike foarm út dy tiid, sa't bliken docht út it bôgefries dat boppe de goatyske ferwulften bewarre bleaun is.
Yn 1491 waard der in nije goatyske koersluting boud en fuort dêrnei waard it eastlike dwersskip boud mei de sakristy oan 'e noardside.
Tachtichjierrige Kriich Oan 'e súdkant fan 'e tsjerke is in kanonskûgel ynmitsele mei dêrûnder it jier 1597. De kûgel betinkt de ynname fan Oatmarsum doe't de stêd yn Steatske hannen kaam.
Yn 'e 17e iuw kaam de tsjerke yn protestantske hannen, mar de mearderheid fan 'e befolking fan Oatamarsum bleau trou oan it roomsk-katolisisme.
19e iuw Yn 1809 waard it tsjerkegebou troch kening Loadewyk Napoleon oan 'e roomsk-katoliken weromjûn, om't de protestantske gemeente folle lytser wie. De protestanten bouden dêrnei in lytsere neoklassisistyske tsjerke oan 'e Ganzenmarkt. Ut de âlde tsjerke namen se ûnder oare it oargel en de preekstoel (1674) mei.
De toer wie lykwols yn hannen fan it gemeentebestjoer kommen. Nei't de romaanske tsjerketoer fan Rijssen yn 1826 foar it grutste part ynstoart wie, liet it gemeentebestjoer de toer fan 'e Simon en Judastsjerke foar de wissichheid ôfbrekke. De toer waard ferfongen troch in dakruter boppe de westgevel. In yn stien beitele tiidfers (gronogram) út 1844 betinkt dy ferbouwing.
Ynterieur thumb|left|Tsjerke-oargel Dielen fan it ynterieur binne ôfkomstich fan 'e byldhouwer August Schmiemann út Múnster. Dêrûnder binne de Corpus Christi fan it triomfkrús yn it koer fan 'e tsjerke (makke yn 1891), de twa Hillich-Hertbylden op 'e pylders, en ek de figueren en reliëfôfbyldings op 'e byldhoude preekstoel.
Oargel Doe't de protestanten de tsjerke yn 1809 ferlieten, namen hja it eardere oargel út 1781 (boud troch Eberhard Berner) mei nei harren nije tsjerke oan 'e Ganzenmarkt, wêrtroch't de katolike mienskip in nij ynstrumint nedich hie.
It haadoargel waard tusken 1812 en 1814 boud troch de Dútske oargelbouwer Franz Friedrich Epmann út Beckum. Dêrby makke er gebrûk fan âlder besteand piipwurk.
Yn 'e jierren 1970 (1973-1974) waard it Epmann-oargel troch de firma Vermeulen restaurearre. Keppeling om utens Oargelsite: disposysje oargel.
Kategory:Tsjerkegebou yn Oerisel Kategory:Ryksmonumint yn Oerisel Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Tsjerkegebou yn it aartsbisdom Utert (roomsk-katolyk)