De saffraansnaffelstrûkgoars (Arremon flavirostris) is in fûgel yn 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). Hy komt foar yn Argentynje, Bolivia, Brazylje en Paraguay.
Skaaimerken en lûd De namme fan 'e saffraansnaffelstrûkgoars ferwiist nei syn opfallende oranje snaffel. It folwoeksen mantsje hat in meast swarte kop, mei in wite wynbraustreek fan boppe it each oant efter de kop. De nekke is griis en de rêch, de wjukken en de sturt binne grien. De ûnderkant is wyt mei grize flanken en in smelle swarte bân oer it boppeboarst. It wyfke liket op it mantsje mar hat wat doffere kleuren. De ûnderkant fan it wyfke is bêzjekleurige mei brune flanken. Jonge fûgels lykje op de folwoeksenen, mar binne doffer. De lingte fan 'e soarte is 15 oant 16,5 sm. It gemiddelde gewicht fan 27 eksimplaren út trije populaasjes wie 23,6 oant 28,1 gram.
Fersprieding en leefgebiet De saffraansnaffelstrûkgoars wurdt no meastentiids ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
A. f. polionotus - eastlik Bolivia, súd-sintraal Brazylje (westlik São Paulo oant Mato Grosso do Sul, súdlik Mato Grosso en noardlik en westlik Paraná), Paraguay en noardeastlik Argentynje A. f. flavirostris - sintraal-eastlik binnenlân Brazylje ( Goiás , Minas Gerais , noardlik en eastlik São Paulo en tichtby eastlik Mato Grosso do Sul ; mooglik ek Bahia)
De Arremon dorbignii waard earder ta de soarte rekkene, mar dizze wurdt no meastentiids as in aparte soarte behannele.
De saffraansnaffelstrûkgoars libbet foaral yn tropyske wâlden (sawol primêr as sekundêr bosk) fan seenivo oant hichten fan 1400 m. Hy wurdt faak oantroffen by boskrânen, iepeningen yn it bosk en oan wetterstreamen.
Hâlden en dragen Hoewol't it dieet fan de saffraansnaffelgoars net sa bekend is, stiet fêst dat it út fruchten, nôt en ynsekten bestiet.
Status en bedriging De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) hat de saffraansnaffelgoars klassifisearre as net bedrige (Least Concern, LC). Hoewol't de wrâldpopulaasje net bekend is, wurdt oannommen dat er stabyl is. De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet en liket him goed oan te passen oan 'e fragmintaasje fan it wâld.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay