De moasrêchgoars (Arremon dorbignii) is in fûgelsoarte yn 'e famylje fan 'e Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).
Skaaimerken en lûd De moasrêchgoars is in kontrastryk tekende strûkgoars. Hy hat in dúdlik swart-wyt koppatroan, in swarte boarstbân en in helder moasgriene rêch. De snaffel is twakleurich mei in oranjegiele ûndersnaffel. De sang bestiet út in rige fan hege toanen.
Fersprieding en systematyk De fûgel komt foar yn westlik, sintraal en súdlik Bolivia (La Paz, Cochabamba, westlik Santa Cruz, Chuquisaca en Tarija) en yn noardwestlik Argentynje (Jujuy en Salta, nei it suden ta oant Catamarca). De soarte waard earder as in ûndersoarte fan 'e saffraansnaffelstrûkgoars (Arremon flavirostris) behannele, mar wurdt ornaris no as in aparte soarte beskôge.
Sibskip Earder waarden de Amerikaanske goarfûgels yndield by de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae), dêr't de Euraziatyske en Afrikaanske goarzen ta hearre. Ut ferskate genetyske ûndersiken die lykwols bliken dat se in aparte groep foarmje dy't nei alle gedachten nauwer besibbe is oan 'e Amerikaanske sjongers (Parulidae), troepialen (Icteridae) en ferskate famyljes mei mar in lyts oantal endemyske soarten yn it Karibysk gebiet.
Hâlden en dragen De moasrêchgoars libbet yn syn ferspriedingsgebiet yn berchwâlden. Hy wurdt meastentiids yn pearkes sjoen op of tichteby de grûn, wylst er nei iten siket yn boskrânen.
Status en bedriging De soart hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt stabyl achte. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) klassifisearret him dêrom as net bedrige (Least Concern, LC).
Namme De wittenskiplike soartnamme ferwiist nei de Frânske natuerûndersiker Alcide d'Orbigny (1802–1857), dy't ûnbidige hoemannichten planten en dieren sammele en beskreau yn Súd-Amearika (wêrûnder Bolivia en Argentynje).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strûkgoars Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia